Tilster brêge foar boufak takom jier wer tagonklik mei tydlike oplossingen

De Tilster brêge © RTV NOF
De brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Koatstertille moat foar juny takom jier wer tagonklik wêze. Dat is de ynset fan Rykswettersteat en Achtkarspelen.
Mei tydlike reparaasjes moat it mooglik wêze om de beheiningen en ferkearsljochten te skrassen.
Dat is foar de omjouwing tige wichtich, leit wethâlder Max de Haan út. "Der is in 'aslastbeheining' op kaam, dus it swiere frachtferkear mei der net oerhinne. En mei it each op dat wy op 'e Tille noch wol wat yndustry hawwe mei swier ferfíer, bygelyks Haitsma Beton. Dy moast einen omride oer de Sintrale As. Dat wolle je net hawwe."
De provinsje en Achtkarspelen sette úteinlik yn op in akwadukt, dy't der om 2030 hinne wêze moat. Mar dat duorret noch sa lang dat in tydlike oplossing neffens it kolleezje winsklik is.

Foar de boufak takom jier

"Rykswettersteat sil no op syk nei jild en dêrnei nei in bedriuw dat it opknappe kin. Sy sjogge kâns om de brêge tusken de 40 en uterlik 52 wiken te ferstevigjen. Dan soe takom jier mei de boufak alle ferkear wer oer de brêge kinne", seit De Haan.
Wethâlder Max de Haan fan Achtkarspelen
Dochs binne net alle partijen der gerêst op. Fraksjefoarsitter Yde van Kammen fan de FNP is bygelyks benaud dat de tydlike maatregels te'n koste gean fan in strukturele oplossing.
Fraksjefoarsitter Yde van Kammen fan FNP Achtkarspelen
"De brêge stiet op de nominaasje om ferfongen te wurden. Dêr is jild foar reservearre. As je no in ynvestearring dogge fan twa miljoen om de brêge tagonklik te meitsjen foar ferkear, dan sjogge wy dat as FNP as útstel fan de ferfanging fan de brêge", seit Van Kammen.
Twa miljoen neamt er in flinke útjefte. "En hoe komt dat op 'en doer: wurdt útstel net ôfstel?"