Nije skânsen fan Drylts en It Heidenskip moatte rekôrs út de boeken ljeppe

Rutger Piersma en Rients van der Wal © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
It binne spannende dagen foar de fierljepferieningen yn Drylts en It Heidenskip: dit en takom wykein binne dêr de earste wedstriden op harren nije skânsen.
Drylts hat sneon de primeur. In wike letter docht de fierljepkompetysje It Heidenskip oan. De ferwachtingen binne heech.
De ferwachtingen fan de nije fierljepskânsen yn Drylts en It Heidenskip binne grut
Beide skânsen binne ferline jier nei ôfrin fan it seizoen oanpakt en totaal fernijd, fertelle ûntwerper Auke Zijlstra en boumaster Johannes Hobma yn Drylts. De skânsen binne fan metaal en maklik ferrydber, wêrtroch't se langer en koarter makke wurde kinne foar de ferskate klassen.

Technysk bravoerstik

Ek binne se wat heger en dat soe soargje moatte foar fierdere sprongen. Boppe-op leit oer de hiele lingte in houten flier dy't in bytsje fearret. Foar de ljeppers moat dat de oanrin stabiler en lichter meitsje, omdat it hout wat enerzjy oan de ljeppers meijout.
De bak dêr't de polzen yn set wurde is folle mei drainaazjesân dat goed is foar de stabiliteit fan de polzen foar de ljeppers. De sânbêden binne wat ferlege en ek dat moat soargje foar fierdere sprongen.
De fierljepskânsen fan It Heidenskip © Omrop Fryslân
Neffens Hobma hat in in hiele put west dêr't de hiele winter oan trochwurke is troch in groep entûsjaste frijwilligers. "Yn totaal sitte der mear as 2.500 oeren yn fan de frijwilligers. Wy hawwe wol lekker dwaande west", laket hy.

Fan autobân nei foamkraach

Benammen it opbouwen en fêst setten fan de skânsen hat in soad tiid frege. Dat jildt ek foar de ferfanging fan de râne fan it sânbêd, dat yn it ferline bestie út autobannen en no ferfongen is troch in foamkraach. It sânbêd is ferlege en opnij drainearre. "It wie in hiel wurk mar machtich om te dwaan mei de hiele ploech."
De fierljepskânsen fan Drylts © Omrop Fryslân
Topklasseljepper en Frysk âld-kampioen Rutger Piersma traint op It Heidenskip en is tige te sprekken oer de nije skânsen. "It rint makliker, ek omdatst gjin rekken mear hâlde hoechst mei hulten en bulten yn de oanrin. It is no ien gehiel en totaal flak. It fielt dêrtroch lichter."

Rekôrskânsen

Piersma rekkenet der in bytsje op dat hy syn persoanlik rekôr fan 20.14 meter (wêrmei't hy twa jier lyn Frysk kampioen waard yn Winsum) dit seizoen yn Drylts of It Heidenskip út de boeken springe kin.
Auke Zijlstra © Omrop Fryslân
Ek trainer en âld-ljepper Rients van der Wal is optein oer de nije skânsen op It Heidenskip en grutsk op it leger frijwilligers dat der foar soarge hat dat alles op tiid klear is. Alle belutsenen binne der fan oertsjûge dat der no fierder ljept wurde kin yn beide plakken.
"As de omstannichheden goed binne kin it wol in heale meter skele", tinkt Zijlstra.