Tjitske Wiebenga en Jan Jonkman bringe tenei it waar yn de Fryske húskeamers

Jan Jonkman en Tjitske Wiebenga © Omrop Fryslân
Omrop Fryslân kiest foar in nije formule: net ien waarman, mar in team fan eksperts. Tjitske Wiebenga (37) en Jan Jonkman (66) binne de nije waarpresintatoaren fan Omrop Fryslân. Mei yngong fan dit wykein binne se om bar te hearren en te sjen.
Jan Jonkman, boer yn Eagmaryp, is in fertroud gesicht foar de Fryske telefyzjesjoggers. Hy wie yn it ferline meardere kearen ferfanger fan Piet Paulusma. Op it stuit is er ek al alle dagen te sjen en te hearren as waarman.
De op It Hearrenfean wenjende Tjitske Wiebenga makket as waarfrou har debút. Se is snein foar it earst te hearren op de radio. De kommende tiid sil se stadichoan mear bydragen leverje. Oer in skoftke nimt se ek op telefyzje it waarberjocht foar har rekken.
De nije waarpresintatoaren folgje Piet Paulusma op, dy't jierrenlang ít gesicht wie fan Omrop Fryslân. Nei syn ferstjerren yn maart hat de omrop keazen foar in nije formule: net ien waarman, mar meardere. It stribjen is om neist Jonkman en Wiebenga noch in tredde waarekspert yn it team op te nimmen.

Weerexperts

Jonkman en Wiebenga krije harren gegevens fan Weerexperts, in waarburo dat sûnt 2015 bestiet en fêstige is yn it Drintske Eelderwolde. It buro hat in grut ferskaat oan klanten. Ek RTV Drenthe, RTV Noord, RTV Oost en Omroep West krije harren waarberjocht fan Weerexperts.

Fansels is it waar net allinnich te sjen en beharkjen op telefyzje en radio. Op de app en webside fan Omrop Fryslân sil ek in wiidweidich waarberjocht te finen wêze.
Op de waarsite en app komt in kaart fan Fryslân mei in tal plaknammen derop, ferdield oer de provinsje. As klikst op it plak, ferskine de gegevens oer it waar yn dat plak en de omkriten, fertelt Roland van der Zwaag fan Weerexperts. Ek is der in kaart mei radarbylden. Der is boppedat in foarsizzing foar meardere dagen en it waar sil ek yn tekstfoarm te lêze wêze, beslút seit Van der Zwaag.
Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Publyk: publyk@omropfryslan.nl of (058) 229 78 60.
It folsleine parseberjocht is hjir te downloaden.