Tjitske Wiebenga en Jan Jonkman bringe tenei it waar yn de Fryske húskeamers

Tjitske Wiebenga (37) en Jan Jonkman (66) binne de nije waarpresintatoaren fan Omrop Fryslân. Mei yngong fan dit wykein binne se om bar te hearren en te sjen.
Jan Jonkman, boer yn Eagmaryp, is in fertroud gesicht foar de Fryske telefyzjesjoggers. Hy wie yn it ferline meardere kearen ferfanger fan Piet Paulusma. Op it stuit is er ek al alle dagen te sjen en te hearren as waarman.
De op It Hearrenfean wenjende Tjitske Wiebenga makket as waarfrou har debút. Se is snein foar it earst te hearren op de radio. De kommende tiid sil se stadichoan mear bydragen leverje. Oer in skoftke nimt se ek op telefyzje it waarberjocht foar har rekken.
De nije waarpresintatoaren folgje Piet Paulusma op, dy't jierrenlang ít gesicht wie fan Omrop Fryslân. Nei syn ferstjerren yn maart hat de omrop keazen foar in nije formule: net ien waarman, mar meardere. It stribjen is om neist Jonkman en Wiebenga noch in tredde waarekspert yn it team op te nimmen.
Tjitske Wiebenga en Jan Jonkman bringe tenei it waar yn de Fryske húskeamers
Wiebenga en Jonkman binne allebeide fan jongs ôf ynteressearre yn it waar. Harren hobby naam yn 'e rin fan 'e tiid sokke serieuze foarmen oan dat se harren ûnderwilens al in skoft beropsmjittich mei it waar dwaande hâlde.
Understeand in koarte yntroduksje fan beide waareksperts.

Tjitske Wiebenga, hoe is dyn ynteresse foar it waar ûntstien?
"As bern wie ik al yn de ban fan it waar. Ik seach altyd nei de loft en de wolken. Doe hie ik ek in fassinaasje foar ekstreem waarm, bygelyks tonger. Doe't ik jong wie kaam de film Twister út oer tornado's yn Amearika. Geweldich."
"Letter haw ik allerhanne waarkursussen dien, ûnder oare by Meteoconsult en by waarman Gerrit Hiemstra. Ik kaam by de Vereniging voor Weerkunde en Klimatologie. Sagau as mooglik haw ik by de VWK in basiskursus meteology dien. Ik wol graach dingen leare oer it waar."
Wat is dyn minst en meast favorite waar?
"Myn minste is waar dêr't net folle yn bart. Myn meast favorite waar is ekstreem waar. As it oerdeis de hiele dei near en brodzich is en dan jûns ôfkuolling troch in lekkere tongerbui. Mar ek as der winterdeis iis op de sleatten leit. Ik doch oan iishockey en dan kin ik moai spylje."

Jan Jonkman, hoe is dyn ynteresse foar it waar ûntstien?
"As boer sjochst altyd nei it waar. Ik bin mei it waarfirus besmet doe't wy op de Ballonfeesten op De Jouwer op it idee kamen fan in eigen ballon. Dy kaam der, mar der moasten ek ballonfarders komme. Ik koe in kursus dwaan, jûn troch de waarsaakkundigen dy't wurkje op de loftferkearstoer op Skiphol. Sa bin ik deryn rûgele. Hiel inkeldris gean ik noch wolris mei in ballon de loft yn."
Wat is dyn minst en meast favorite waar?
"Myn minste is fan dat skiere, mizerige, mottige waar yn novimber en desimber. Dan is it inkeld mar echt ljocht tusken 11 en 3 oere. Mar it heart der wol by. De ôfwikseling jout kleur en fleur oan it waar. En myn meast favorite is waar mei in soad dynamyk. As der in gebiet mei swiere tonger op ús ôf komt. Dêr kinst my foar wekker meitsje. Ik haw leard hoe't it wurket mei tonger en fyn it machtich om te sjen hoe krêftich oft de natuer is."

Jonkman en Wiebenga krije harren gegevens fan Weerexperts, in waarburo dat sûnt 2015 bestiet en fêstige is yn it Drintske Eelderwolde. It buro hat in grut ferskaat oan klanten. Ek RTV Drenthe, RTV Noord, RTV Oost en Omroep West krije harren waarberjocht fan Weerexperts.
Online
Fansels is it waar net allinnich te sjen en beharkjen op telefyzje en radio. Op de app en webside fan Omrop Fryslân sil ek in wiidweidich waarberjocht te finen wêze.
Op de waarsite en app komt in kaart fan Fryslân mei in tal plaknammen derop, ferdield oer de provinsje. As klikst op it plak, ferskine de gegevens oer it waar yn dat plak en de omkriten, fertelt Roland van der Zwaag fan Weerexperts.
Ek is der in kaart mei radarbylden. Dêr binne delslachgebieten op te sjen dy't harren bewege oer de kaart fan Nederlân. As der rein, snie of izel falt, feroaret de kleur fan de delslachgebieten. Fierders binne der de bekende dei- en nachtgegevens en de foarsizzing foar moarn. Der is boppedat in foarsizzing foar meardere dagen en it waar sil ek yn tekstfoarm te lêze wêze, beslút seit Van der Zwaag.