Sylster Laila van der Meer wol har kommend jier pleatse foar de Spelen

Laila van der Meer © Omrop Fryslân
Laila van der Meer (22 jier) wol har takom jier pleatse foar de Olympyske Spelen. Dat is doel fan de sylster út Grou.
Ferline jier waard Laila van der Meer achtste op it wrâldkampioenskip yn Oman. Dêrtroch hat se no de A-status en kin se fulltime har sport beoefenje.
Yn 2018 wûn se brûns op de Jeugd Olympyske Spelen. Sa stadichoan krûpt se mei Bjarne Bouwer nei de top yn de Nacra 17-klasse. Dizze wike sylt se op it wetter yn Almere op in World Cup.
Laila van der Meer
Van der Meer komt yn in haventsje fan it Almere Strân fan de boat. Se hat krekt in fiifde, in tredde en twa earste plakken syld, mar dochs is se net hielendal tefreden. "We hadden wat consternatie op de boot over welke boei we precies moesten pakken. We hebben wat steekjes laten liggen. De wind draaide heel hard heen en weer, dus ik ben op zich wel tevreden hoor."
It jout mar oan dat se graach prestearje wol by dizze wedstriid. "Dat zou betekenen dat wij hier moeten winnen. Dus de druk is hoog, haha." Se laket derom, mar se mient it wol. "Podium moeten we sowieso kunnen halen, maar het zou mooi zijn als we winnen."
De Nacra 17 is in katamaran dy't brûkt wurdt foar sylwedstriden. Yn 2024 sil de boat foar de tredde kear brûkt wurde op de Olympyske Spelen. De boat is 5,25 meter lang en is bedoeld foar in bemanning fan twa. It is bedoeld as in boat mei in mingde besetting: man/frou dus. Kromme swurden ûnder de boat soargje derfoar dat de boat optild wurdt en sa sweeft oer it wetter. Nacra stiet foar North American Catamaran Racing Association en de 17 betsjut 17 foet, de lingte fan de boat.
Van der Meer en Bouwer krûpe hieltyd tichter nei de top ta. Dat fernimt se wol. "Ik denk dat we afgelopen voorjaar wel de aansluiting met de echte top hebben gevonden. Een aantal wedstrijdjes kwamen we mee met de top vijf. We zijn net niet goed genoeg om elke wedstrijd top vijf te varen. Er zitten ook wat mindere wedstrijden tussen, waardoor we in het eindklassement rond de positie acht hangen. De snelheid van de boot moet omhoog."
Ik denk dat dat best wel reëel is.
Laila van der Meer oer pleatsing foar de Olympyske Spelen
De Spelen fan 2024 binne yn Parys. al is it sylevenement dêr net, mar yn Marseille. "Ik hoop dat we ons volgend jaar kwalificeren voor de Spelen van 2024. Eerst die stap maar. Daarna zouden we natuurlijk een medaille willen halen. Maar eerst maar eens kwalificeren."
Mar hoe realistysk is dat? "Ik denk dat dat best wel reëel is. Aangezien we nu steeds rond de top acht hangen en dat is ook ongeveer het criterium voor plaatsing."
Takom jier is it WK yn Scheveningen. Dêr moatte se dan by de earste acht einigje en dan komt der noch in event by.
Laila van der Meer en Bjarne Brouwer © Sailing Energy
Laila van der Meer sit op de boat mei Bjarne Bouwer út Giethoorn. Bouwer is de bemanning en Van der Meer is de skipper. "Wij vonden het zelf handiger dat ik stuurde. Als bemanning moet je toch wat meer kracht hebben. Wij denken dat Bjarne dat beter kan. En ik denk dat ik beter kan sturen."
"Op deze klasse is het wel de bedoeling dat je mixed vaart. Het is wel zo dat de meeste mannen sturen, dus dat is wel opvallend. Maar er beginnen steeds meer mannen te sturen." Hoe kin dat dan? "Ja weet ik ook niet. Ik zou zeggen zet de sterkste voorop."

"Laila is een pittige stuurster"

Bjarne Bouwer: "Vaak zie je dat mannen wat sneller zijn aan de start. Iets fanatieker proberen te pushen. Dat is wel belangrijk in een klasse waarin je steeds de grens opzoekt. Dan doet een vrouw relatief het wat zwaardere werk. Wij hebben er voor gekozen dat ik daar relatief zwaardere werk doe, zodat je daar een voordeel hebt. En ik denk dat omdat Laila een pittiger stuurster is, dat wij niet het nadeel hebben."
Bouwer is bliid mei de gearwurking. "Het gaat heel erg goed. We kunnen het goed met elkaar vinden. We voelen elkaar goed aan. We zijn altijd samen met onze coach en dan hebben we heel veel lol samen."
Mirthe Akkerman fan Akkrum sylt dizze wike ek op de World Cup yn Almere. Se sylt yn de ILCA6 klasse. Dy hie earst de nammen Laser Radial. Dat is ek de klasse dêr't Marit Bouwmeester gewoanwei oan meidocht, mar Bouwmeester is krekt mem wurden en begjint wierskienlik yn augustus of septimber wer mei trainen op it wetter.