Ljouwerter sikehûs MCL fiert feest op spesjale MCL-dei foar personiel

Personiel op de MCL-dei © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Sikehûs MCL yn Ljouwert hat nei twa jier corona alle 1.200 meiwurkers yn it sintsje set. Tenei wurdt alle jierren in spesjale MCL-dei organisearre.
Neffens bestjoersfoarsitter Patrick Vink hawwe de MCL-meiwurkers dat fertsjinne. "Omdat er zoveel speciale dagen zijn, zoals dag van de secretaresse of dag van de verpleegkundige, terwijl wij vinden dat elk personeelslid van het MCL een feestje verdient."

Team fan it jier

Dat feestje waard tongersdei fierd yn it Abbingapark yn Ljouwert, net fier fan it sikehûs. Dêr waard ek it team fan it jier keazen. Dy priis gong nei de 24-oerepost. "Omdat zij het onzichtbare gezicht van het MCL zijn. Zij hebben tijdens de coronacrisis nare dingen meegemaakt, toen het begrip voor de maatregelen minder werd en de agressie van het publiek toenam", leit Vink út werom't sy dy priis krije.
De priis foar de 24 oere-post © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Ien fan de meiwurkers fan de 24-oerepost is Henk Struiksma. Hy is bliid dat de coronakrisis foarearst achter de rêch is, want it wie in drege tiid. "Ik ha meimakke dat ien fan de pasjinten stoar en dat de famyljeleden der allegear by woenen. Mar dat mocht net. Se begriepen dat net en dat snap ik ek wol. Mar wy moasten ús hâlde oan de maatregels. Dat wie heftich."