Jongerein foar ien dei de baas op spesjale temadei

By boargemaster Buma fan Ljouwert © Omrop Fryslân
Foar ien dei yn de skuon stean fan in direkteur, CEO of politikus: dat wie mooglik op temadei 'De Baas van Morgen', organisearre troch JINC. Sa'n 45 learlingen fan de basisskoalle en it vmbo dienen mei.
Beatrix en Elizabeth wiene foar ien dei de baas
It doel fan de dei is om bern mei in minder kânsrike eftergrûn in bettere kâns op in baan te jaan.
De ôftraap wie tongersdei troch boargemaster Sybrand Buma yn it stedhûs fan Ljouwert. Dernei gienen alle bern mei harren 'bazen' nei de wurkflier ta.

Mei boargemaster Buma mei

Foar de 11-jierrige Beatrix út Ljouwert betsjutte dat dat se de hiele dei mei boargemaster Buma op paad gie. Se gienen op wurkbesite nei de Blokhúspoarte, wienen by de ferkiezing foar de nije berneboargemaster fan de gemeente en iepenen mei Patrick Vink fan sikehûs MCL en syn eigen lytse 'Baas van Morgen' in spesjale 'Dag van de MCL'er'.
By de boargemaster fan Ljouwert © Omrop Fryslân
"Ik was best wel heel erg blij toen ik hoorde dat ik met de burgemeester mee mocht lopen, want dit is niet iets wat je dagelijks doet", sei Beatrix.
Neist de taken fan de boargemaster wienen der ek oare bazen dy't in lytse baas meikrigen. Sietze Kijlstra, direkteur Ambulancezorg & Personenvervoer, hie der trije nije kollega's by.
Ien fan dy trije wie Elizabeth: "We hadden net een soort van presentatie over wat ze hier doen en wie je moet bellen als er iets gebeurt."
Dat de jongerein witte wat der bart yn in bedriuw om se sa in byld te jaan fan de wurkflier is ien fan de doelen fan 'De Baas van Morgen'.