Undernimmer út Quote 500 is nije 'suikeroom' fan SC Cambuur

© Orange Pictures
Fêstgoedûndernimmer Bert van den Brink út Ermelo is de man dy't foar 2,5 miljoen euro oan sertifikaten kocht hat by SC Cambuur. Dat befêstigje meardere boarnen oan Omrop Fryslân.
Tongersdei waard bekend dat in ûndernimmer út it midden fan it lân 2.500 sertifikaten oanskaft hat by Cambuur. Dat smyt de klup 2,5 miljoen euro op. Dat jild wurdt brûkt foar de ôfbou fan it nije stadion, dêr't Cambuur folgjend jier septimber yn hopet te spyljen.

Fermogen út plomfee

"Dit is een gigantische stap en dit geeft rust", sei algemien direkteur Ard de Graaf fan Cambuur dêr earder tongersdei oer. Dêrnjonken jout Van den Brink Cambuur ek noch in liening fan in miljoen euro, wêrmei't de klup romtes keapje kin yn it nije stadion.

Van den Brink hat syn fermogen opboud yn de plomfeesektor. Op dit stuit hat hy noch in bedriuw yn fêstgoed.

Quote 500

De ûndernimmer út Ermelo is in fêste klant yn de top 500 fan rykste Nederlanners, dy't it tydskrift Quote elts jier útbringt. Neffens Quote stie Van den Brink yn 2021 op it hûndertste plak mei in roeze fermogen fan 450 miljoen euro.

Direkteur De Graaf fan Cambuur woe earder net reagearje op nammen, want "dat hebben we zo afgesproken." Letter befêstige Cambuur op de webside fan de klup dat it om Van den Brink giet.
Van den Brink sels woe tongersdei net reagearre op fragen fan Omrop Fryslân oer de sertifikatenoankeap.