HEA! Gaatze Bosma syn dream kaam út

HEA! Gaatze Bosma syn dream is útkaam
Gaatze Bosma fan De Westereen sjongt syn hiele libben al. Doe't HEA! yn 2013 by him wie, hie hy in dream. Mear optredens, mear spylje en it leafst syn wurk derfan meitsje.
En dat is slagge! Gaatze hat syn lytse 45 km autootsje ynruile foar in bus, hat syn eigen studio en in eigen platelabel. Hy is alle wykeinen op 'en paad en spilet alle sealen binnen en bûten Fryslân plat. Hy hat der hurd foar wurke, mar it is in fantastysk gefoel.