Sikehûs Antonius makket winst, mar folle minder as begrutte

It Antonius Sikehûs yn Snits © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
De finansjele situaasje fan it Antonius Sikehûs yn Snits stiet ûnder druk. Hoewol't it 2021 ôfsleat mei 2,5 miljoen euro yn 'e plus, is der 3,5 miljoen minder winst makke as begrutte.
It einresultaat wie op sa'n 6 miljoen euro berekkene. It is ferlykber mei de sifers fan 2020, mar it resultaat is leger as 2018 en 2019, de jierren foar de coronakrisis.
Dêrmei hawwe de finânsjes fan it sikehûs in 'flinke knauw' gekregen, sa't Antonius skriuwt.

Syktefersom

De ôffaller hat mei ferskate oarsaken te krijen. Sa hat der in soad personiel siik west, wêrtroch't it sikehûs mei dûbelde kosten kaam te sitten. It syktefersom is oanhâldend heech bleaun.

Gefolgen fan oarloch

Ek koe Antonius minder minsken opnimme. Om't der mear keamers leech bleaune, smieten dy ek minder jild op. As lêste fernimt it sikehûs stadichoan ek de gefolgen fan de oarloch yn Oekraïne. De situaasje hat ynfloed op de kosten: der moat mear betelle wurde foar enerzjy en materiaal.
It sikehûs giet dus troch mei it programma om jild te besparjen, ûnder it mom fan 'effisjinsje en doelmjittigens'.