'Golddigger' Tristan Bangma libbet syn dream: "Dit is waarvoor je het doet"
Nei seis wedstriden stiet parahurdfytser Tristan Bangma mei syn piloat Patrick Bos noch altyd op in skoare fan hûndert persint. Sy wûnen alles en binne nei eigen sizzen better as ea.
Ofrûne wykein wûnen Bangma en Bos op it Europeesk kampioenskip yn Eastenryk de tiidrit en de wedstriid op 'e dyk. In pear dagen letter binne se efkes yn Fryslân. Om te trainen, mar ek om op besite te gean by sponsoaren.
Bangma komt fan Donkerbroek, mar wennet no yn Apeldoorn. Hiel faak is hy net mear yn Fryslân. Dêrom moatte de besiten altyd goed bestege wurde. It is krekt nei de lunsj as it twatal binnenstapt by in reklamebedriuw op De Jouwer.
"Na elk belangrijk toernooi ga ik meestal een bakje koffie drinken bij de sponsoren", fertelt Bangma. "En hopelijk kunnen we dan praten over het succes dat we behaald hebben, net zoals nu na het EK."
Sponsoaren binne foar Bangma en Bos tige wichtich. Se binne aktyf yn it parahurdfytsen en dat is net in sport dêr't in soad jild yn om giet. Dêrom is eltse sponsor goud wurdich.
De 24-jierrige Bangma sjocht noch mar in pear persint en sit dêrom efter piloat Bos op 'e tandem. Tegearre hawwe se it goed foarinoar mei sponsoring en dat jout in hoop rêst. Mar sy witte ek hiel goed dat it net gewoan is. "Ik weet nog dat je soms elk dubbeltje moest omkeren", fertelt Bangma.
"Nu is het iets makkelijker en kun je echt leven als een prof. Dat is altijd mijn droom geweest. Nu kan ik dat leven leiden en kan ik er elke dag alles aan doen om straks in Parijs mijn beste prestatie ooit neer te zetten", doelt Bangma op de Paralympyske Spelen fan 2024.
"Inoar helpe en better meitsje"
Ien fan dy sponsoaren is reklamebedriuw Sprog fan De Jouwer. Ard Alderts is der direkteur en neffens him kiest it bedriuw der bewust foar om Tristan Bangma en Patrick Bos te sponsorjen. "De drive fan Tristan en Patrick, dat spruts ús enoarm oan."
Parahurdfytsen is lykwols net in soad yn byld. Dat makket Alderts lykwols neat út. "It libben draait net allinnich mar om jild en publisiteit. It giet ek om inoar helpe en better meitsje", seit de direkteur, dy't yn it ferline sels reedrider wie.
Hy hat in soad respekt foar Bangma en Bos. "It is gjin hurdfytsen as de Tour de France of de Giro d'Italia. Mar ast sjochst wat se der foar dogge. Se traine der gjin minút minder om. Dat stypje wy hiel graach."
Sponsoaren as it Jouster reklamebedriuw soargje der dus foar dat Bangma echt as in prof libje kin. En dat alles yn it ramt stiet fan syn karriêre. "Door het geld komt bijvoorbeeld een mechaniker bij mij thuis sleutelen. Of doe ik een extra massage, zodat ik beter herstel. Dat helpt enorm."
Seis út seis
Mei in hûndertpersintskoare as gefolch. By de twa wrâldbekers en op it EK wûnen Bangma en Bos de tiidrit en de wedstriid op 'e dyk. "Dit is waarvoor je het doet als wielrenner", seit Bangma.
Al fynt Bos dat se somtiden best wat mear stilstean meie by de suksessen. "Misschien moeten we dat wel iets meer doen, want het is natuurlijk wel heel bijzonder wat we aan het doen zijn en wat we hebben gepresteerd."
Nei de sponsorbesite stappe Bangma en Bos op de tandem foar in training fan mear as trije oeren troch Fryslân. De hast bline Bangma sjocht lytse dinkjes ûnder sa'n rit. "Ik zie contouren. En licht en donker. Ik krijg wel wat mee van mijn omgeving, maar op mijn eigen manier."
Hy genietet folop as er efterop de fyts sit. Neffens Bangma is it twatal better as ea. "Het gevoel op de fiets is heel 'smooth', zoals wij zeggen. De synergie is super goed. We zien het ook aan de wattages die we leveren. En aan de uitslagen, want daar gaat het uiteindelijk om."
Ien fan de oarsaken dat it sa goed giet, is neffens Bos dat alle saken op oarder binne. Hy is boppedat ûnder de yndruk fan syn teammaat.
"Tristan is al jaren echt heel goed. Hij zet er steeds een stapje bij. Ik denk dat hij al jaren bij de beste drie stokers (efteropriders op in tandem, red.) hoort. En misschien is hij nu de beste. Ik kan dat niet bewijzen, maar dat we nu alles winnen, zegt al heel veel natuurlijk."
WK yn Kanada
Nei de earste twa wrâldbekers en it Europeesk kampioenskip brekt no in wat rêstigere perioade oan. Bangma sil op hichte traine en Bos sil yndividueel wedstriden ride.
It folgjende doel stiet ek alwer yn de aginda. Yn augustus is yn Kanada it wrâldkampioenskip. "Dat is het absolute hoofddoel", jout Bangma ta.
Bos follet oan: "Dat is het mooiste dat we dit jaar kunnen behalen. Die titel zijn we vorig jaar kwijtgeraakt. Ik denk dat we in staat moeten zijn om die weer terug te pakken."