HEA! 60 kear de Alvestêdetocht op 'e fyts

HEA! 60 kear de Alvestêden
Foar de sechstichste kear sil Joop de Jong Pinkstermoandei de Alvestêdetocht op de fyts dwaan. Mar it wurdt tagelyk ek de lêste kear foar de 81-jierrige Boalserter.
De Jong sil moandei fytse mei syn 18-jierrige pakesizzer Lynn, dy't foar it earst meidocht. En frou De Jong stiet ûnderweis klear mei sop. It docht de Boalserter wol wat dat it no de lêste kear wurdt.
Hy geniete altyd bot fan de sfear en de geselligens ûnderweis. En yn al dy jierren hat hy ek net in soad maleur hân. De Jong sil syn 'lêste ronde' fytse mei in bel yn 'e hân.