Troch Escher ynspirearre skoalle yn Ljouwert iepen, mar fuort al te lyts

It nije skoalgebou © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De kleuren swart en wyt fiere de boppetoan yn de nijbou fan IKC Albertine Agnes yn Ljouwert. It skoalgebou dat woansdeitemoarn offisjeel iepene is, is basearre op ûntwerpen fan de Ljouwerter keunster M.C. Escher.
De ynspiraasje fan de arsjitekt kaam fan learlingen fan de skoalle sels. Dy sitte yn de bernedireksje fan it Fries Museum en Keramiekmuseum Princessehof.
"Het was de groep acht van een paar jaar geleden die met ontwerpen kwam", seit direkteur Talia Hager fan it IKC. "Ze hebben maquettes gemaakt waar de architect mee aan de slag is gegaan."

'Net saai'

Dat is goed slagge, sizze de skoalbern sels. "Ja, het is echt heel mooi geworden", stelt Ids Sijtsma. "Het is dan wel zwart wit maar dat is echt niet saai."
Dêr is Lente Steenwelle it mei iens: "Ja, helemaal niet saai zelfs. Het is rustgevend." Foar har is de BSO-romte it moaiste plak yn it gebou: "Daar is een mooie vloer, echt geïnspireerd op Escher."
Yn Ljouwert is de nije IKC Albertine Agnesskoalle iepene
It nije gebou is makke foar 180 learlingen. Dêr sit fuort al it grutste probleem, seit Hager: "We hebben er meer dan 200 nu. Maar Escher is ook van de oplossingen, dus we komen hier ook wel uit. Er is overleg tussen de directeuren en de gemeente."
De Albertine Agnesskoalle © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma