Marius Bauer gong foar de leafde nei Ontario: "Net te leauwen, safolle goud hjir"

© Eigen foto
Marius Bauer (55) komt fan It Hearrenfean en wennet no sa'n 15 jier yn Kanada. Hy gie dêrhinne foar it wurk en de leafde. Yn Kanada rydt er ôfstannen nei it wurk dy't wy ús hjir net foarstelle kinne.
"Ik wenje yn Alexandria, yn East Ontario, mar ik wurkje yn Northern Ontario. Dat is tolve oeren riden fan myn hûs, en dan bist noch altyd yn deselde provinsje", fertelt er.
Bauer wurket by in goudmyn. Dat klinkt spannend, mar dat is it neffens him net. "Ik doch de wettersuvering fan in goudmyn. De mynwurkers moatte dûse nei it wurk en dat wetter moat feilich wêze, dus dat doch ik. It is moai wurk. Ik bin de hiele dei wat allinnich en ik sit midden yn 'e bosken."

Bearen, elanden, wolven en foksen

Dêr makket er nochal wat mei, fertelt er. "Ik ha earjuster noch in bear sjoen en der binne hjir elanden, wolven en foksen." En wat docht er as er in bear sjocht? "Hiel stadich weirinne", laket er. Hy hat noch nea in bear efter him oan hân. "Mar ik ha wol heard fan oaren dat it gebeure kin."
It is net te leauwen, safolle goud yn dizze omjouwing.
Marius Bauer
Bauer makket lange dagen by de mynwurkers, mar dat fynt er net in probleem. "Ik wurkje 160 oeren en dan ha ik twa wiken frij. Dat is hearlik." Yn de goudmyn sels mei er net komme, mar hy wit wol dat der in soad goud opgroeven wurdt. "It is net te leauwen, safolle goud yn dizze omjouwing. Der binne noch twa oare minen hjir en dêr wurkje ik sa no en dan ek."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Twa jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat Whatsapp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
Yn Kanada hat Bauer in frou kennen leard. Se binne net mear byinoar, mar se hawwe goed kontakt en wenje byinoar yn 'e strjitte. Se hawwe tegearre in 11-jierrige dochter mei in moaie, Fryske namme: Famke. "Myn eks-frou hat sein: Do wennest hjir, dus dan jouwe we har in Fryske namme."
Yn Nederlân hearre we altyd dat Kanadezen sa freonlik binne, mar dat is yn it echt net sa.
Marius Bauer
Ek al hat er syn draai nei al dy jierren wat fûn yn Kanada, hy mist Nederlân en Fryslân altyd. "Ja, absolút. De lytse dingen: de natuer, de minsken, it inoar begroetsjen op strjitte, by de buorlju foar in bakje kofje. Dat hast hjir net. It is absolút net sosjaal hjir. Yn Nederlân hearre we altyd dat Kanadezen sa freonlik binne, mar dat is yn it echt net sa. Se binne wol freonlik, mar in bytsje achterbaks, fyn ik."
Op 30 juny komt er wer nei 'It Fean' ta, dêr't er noch syn âlden, syn broer en in protte freonen hat. Hy hat der in soad nocht oan. "Foar trije wiken, tegearre mei Famke. It is al in skoftke ferlyn, troch covid. It wurdt wolris tiid wer."