Mystearje foar fûgelûndersikers: ljippen fleane nei Ruslân en Oekraïne

In ljip yn Fryslân © Remco de Vries
Fûgelûndersikers steane foar in riedsel: twa ljippen mei stjoerderkes binne, nei't harren earste briedsel mislearre, nei East-Europa flein. Ruslân en Oekraïne om krekt te wêzen.
De ûndersikers fan Sovon, de Wageningen Universiteit en ekologysk ûndersyksburo Altenburg & Wymenga ha ferline jier 36 ljippen fan in gps-stjoerderke foarsjoen. Noch nea earder wie waarnommen dat de fûgels midden yn it briedseizoen sa'n ein reizgen.
Der is wol in fermoeden wêrtroch't it komt: it briedseizoen fan de greidefûgels ferrint nammentlik dreech. Mooglike oarsaken binne de drûchte, lânbouwurk en predaasje.
In protte ljippen binne dizze maitiid al gau har aaien of pykjes kwytrekke, meldt Sovon. Meastal begjinne de fûgels dan in twadde briedsel: of op itselde plak, of op in perseel dernjonken.
Dit ha we noch noait sjoen.
Jelle Loonstra (Altenburg & Wymenga)
Guon pykjes makken yndie in útstapke, mar kamen letter werom. Twa begûnen lykwols in hiel oar aventoer, 1.500 kilometer eastliker.
Jelle Loonstra fan Altenburg & Wymenga wie hiel fernuvere doe't er it seach op de kaart: "Dit ha we noch noait sjoen: sokke grutte ôfstannen yn it briedseizoen."
It ûndersyk mei de stjoerderkes is opset om út te sykjen watfoar lân pykjes it bêste brûke kinne en oft saneamde 'braakstroken' (keal makke lân, rûge grûn) op gerslân ek fertuten docht. Dat lêste op fersyk fan Noardlike Fryske Wâlden.
"Wat we wolris sjogge is dat se fan de iene kant fan de provinsje nei de oare geane, mar sa'n grutte ôfstân? Dat is wol hiel apart."
De earste fûgel dy't de eastlike reis makke, gong fan Súd-Hollân nei Sint-Petersburg. "Doe tochten we noch: mwah, miskien wie dêr wat mei. Mar dêrnei gong der noch ien. Dan tinkst: wat is hjir oan de hân? It is in riedsel."
Dy twadde ljip gong fan Kollum nei Oekraïne. "Dy is dêr mei in nij briedsel begûn. Se geane dus nei in oar plak om dêr opnij te begjinnen. Dan sil it hjir net goed genôch wêze. Mar wêrom krekt? Dat witte we noch net. Der is safolle oan de hân, it kin fan alles wêze."
De rûten fan de twa ljippen © Sovon
De fûgels fleagen beide yn in hast rjochte line nei har nije bestimming. "Dan krije je hast it idee dat se al witte wêr't se hinne geane", seit Loonstra. "Miskien ha se dêr al histoarje lizzen. We witte net wat dizze fûgels allegear al meimakke ha yn har libben."

Sjen oft se it faker dogge

It is dus noch in riedsel, mar Loonstra hopet de oplossing noch wol te finen. "It is foar it earst dat we ljippen útrêste mei in stjoerderke. En dy stjoerders geane langer mei, dus de earste stap is no om te sjen oft se dit faker dogge. En as dat sa is, dan moatte we sjen wêr't dat gedrach weikomt."
In konklúzje lit dus noch op him wachtsje, dat kin noch jierren duorje.
Dat de twa fûgels no krekt nei Ruslân en Oekraïne flein binne, makket it ferhaal hielendal bysûnder. "Ien yn Oekraïne sei al tsjin my: se binne tusken de granaten en de raketten troch flein."