Mear eineksamens Frysk as ôfrûne jierren: "De measte wurden koe ik wol"

Learlingen yn 2019 dy't eksamen Frysk dogge © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Nettsjinsteande in pear "ûndúdlik ferwurde" iepen fragen, wie it eineksamen Frysk goed te dwaan. Dat seit Marrit Bosch út Frjentsjer. Sy wie ien fan 156 eineksamenkandidaten Frysk dit jier.
Ek al klinkt 156 as in beskieden oantal, dochs is der sprake fan in opfallende groei yn it tal learlingen dat eineksamen Frysk docht. Seis jier lyn wienen it der noch 110 en yn 2019 en 2020 dienen respektyflik 146 en 145 learlingen it eksamen Frysk.
Op it vmbo ha dit jier 66 learlingen it eineksamen Frysk makke. Op de havo wienen it der 55 en op it vwo 35. In kampanje fan de provinsje liket fertuten te dwaan.

Eineksamenlearlingen Frysk

Jier totaal vmbo havo vwo
2022 156 66 55 35
2021 129 72 35 22
2020 145 92 28 25
2019 121 71 27 23
2018 140 89 29 22
2017 110 73 18 19
Ien fan de skoallen dêr't havo-learlingen foar it earst eineksamen dwaan koenen yn it Frysk, is it Anna Maria van Schurman (AMS) yn Frjentsjer. Dat is mooglik wurden troch in subsydzje fan de provinsje.
Ferline jier is de provinsje in kampanje begûn om mear learlingen te ynspirearjen om it Frysk as eksamenfak te kiezen.

Foarsichtige pilot

Dosint Frysk Idske Bangma is dermei oan de slach gien op it AMS. "Nei in foarsichtige pilot fan de provinsje binne der twa kandidaten begûn mei it Frysk. Ien dêrfan wie hiel entûsjast en dy hat no eineksamen dien." De oare kandidaat stapte oer nei it vwo en liet dêrom it Frysk falle.
Dy iene learlinge is Marrit Bosch. Mei in soad entûsjasme gie Bangma mei har oan de slach. "We ha it gesellich hân, mar ek sjoen nei wat Marrit leare woe. Se wie nijsgjirrich nei de kultuer en nei it ferbetterjen fan har skriuwfeardigens."

Takom jier mear

De kommende jierren krijt Bangma it drokker yn de klasse. "Takom jier sille seis learlingen eksamen dwaan, hoopje ik. Dy sitte no yn havo 4 en it liket goed." It jier dêrnei lykje der sels njoggen gadingmakkers te wêzen.
Marrit fynt it grappich om as iennige learling yn de klas te sitten. "It is wol bysûnder om it sa te dwaan. Foarich jier bin ik sitten bleaun, mar omdat ik wol goede sifers foar Frysk hie, koe ik dit jier it eksamen al dwaan."
Se keas it fak Frysk om har skriuwen te ferbetterjen en dat is slagge, hat se it idee.

Eksamen gong goed

Marrit sels hat it gefoel dat it eksamen wol aardich gien is. "Der wienen wol in pear iepen fragen dy't wat ûndúdlik ferwurde wienen, mar de rest gong neffens my wol goed. De measte wurden koe ik wol."
Dosint Bangma mei dêr noch neat oer sizze. "Ik ha it neisjoen, no giet it nei de twadde korrektor. Dat is altyd wol hiel spannend foar dosinten Frysk. Faak binne it nammentlik learlingen dy't it Frysk as ekstra fak dogge, dus se ha dan in ekstra ynspanning dien. Je hoopje dan hiel bot dat sa'nien slagget. Oan de tarieding hat it net lein."