ZEA feroveret Italië mei Frysktalich album: "Emosjonele lading fan Fryske wurden is grut"

Arnold de Boer © Rosa van Ederen
De nijste Frysktalige cd fan ZEA slacht oan yn Italië. ZEA, de artystenamme fan de út Makkum ôfkomstige Arnold de Boer, reizget tiisdei ôf nei it suden.
ZEA bestiet sawat tweintich jier. Earst as band, letter redusearre ta ien man: Arnold de Boer. Hy wennet no yn Amsterdam.
Foar syn solo-optredens wurket De Boer faak mei oare muzikanten of dichters. Sa ek op it kommende Oerolfestival dêr't er yn it lêste wykein op freed, sneon en snein spylje sil. Twa kear deis, ûnder oare mei dichter Tsead Bruinja.
ZEA cd Witst noch dat d'r neat wie © ZEA
Mar foar't it safier is, makket De Boer earst noch in minytoernee troch Italië. Dat docht er solo. Hy sil dêr yn seis ferskillende plakken yn it noarden fan it lân de nûmers fan syn nije Frysktalige cd Witst noch dat d'r neat wie foar it fuotljocht bringe.
It album krige nasjonaal en ynternasjonaal loovjende resinsjes. Opfallend wiene de reaksjes út Italië. Yn de nasjonale krante Il Manifesto krige it album fiif stjerren. It lanlike muzykblêd Blow Up neamde it album ien fan de bêste albums fan it jier. En op de Italiaanske RAI Radio 3 wurde de Fryske ferskes fan ZEA ek geregeld draaid. Tiid foar in fraachpetear.
Arnold de Boer © Rosa van Ederen
Arnold, hoe kin it dat dyn muzyk sa goed ûntfongen wurdt yn Italië. Hast konneksjes?
"Net allinnich yn Italië. Yn Dútslân bygelyks fine se myn muzyk ek moai. Dat it no oanslacht yn Italië komt trochdat in nasjonale krante in postyf stik skreaun hat oer myn nije cd. Myn muzyk wurdt ek op de radio draaid. Ik tink dat de basis der al wie en dat it in kombinaasje is fan it júste momint en de júste persoan.
Fierders tinkt ik dat myn manier fan wurkjen ek oanslacht. De gloomy, donkere toan fan myn muzyk.
Wat ek meihelpt, is dat by ien fan de nûmers fan de cd in Italiaanske oersetting stiet. Moatst witte dat it yn lannen lykas Italië of Frankryk net folle útmakket oftst no Ingelsk of Frysk sjongst."
Do bist ynternasjonaal oriïntearre. Hat dat in reden?
"It begûn doe't ik as backpacker mei myn gitaar yn Australië wie. Ik woe dêr wat te dwaan hawwe, wat hawwe om sjen te litten. En ik woe alles sels dwaan. Eigen baas wêze. Dus ik begûn op strjitte te spyljen.
Troch de jierren hinne krijst hieltyd mear kontakten. Sa stadichoan haw ik in aardich netwurk opboud. En dan kinst ek in soad spylje yn it bûtenlân.
Yn goed tweintich jier haw ik yn fjirtich lannen west. Ek yn lannen lykas Brazilië, Meksiko en de Feriene Steaten fan Amearika. En ik haw ek in soad kontakten yn de Afrikaanske lannen Gana en Etiopië. Dêr moast ik sels yn myn eigen taal songe, omdat de muzikanten mei wa't ik spile, dêrom fregen."
'Gean net by my wei' fan ZEA is in Fryske cover van 'Ne me quitte pas' fan Jacques Brel © ZEA Arnold de Boer
Wat is de rol fan taal yn dyn muzyk? Giet it mear om de klanken of om de betsjutting fan de wurden?
"Dat hinget fan de song ôf. Om te begjinnen, de minsken fine it oer it algemien wol moai dat ik yn it Frysk sjong. Nei ôfrin komme se nei my ta om te fertellen dat se der wol wat fan ferstien hawwe, of dat se - krekt oarsom - de Fryske taal dreech te folgjen fine.
By songs dy't emosjoneel ticht by my stean, kin ik net yn it Ingelsk sjonge. Dat wie sa doe't ús mem ferstoar en ik it fan my ôf skriuwe woe. Dat is net te dwaan yn it Ingelsk.
De emosjonele lading fan Fryske wurden lykas 'dea' en grêf' is grut foar my. Dy wurden haw ik as lyts jonkje heard yn situaasjes dat der ien stoarn wie. It Nederlanske wurd 'graf' haw ik miskien út boekjes of fan de telefyzje. Dêr sit minder emoasje by foar my."
Do litst de Fryske taal hearre oan dyn publyk. Joust de taal ek op in oare wize troch, bygelyks oan dyn bern?
"Ik praat Frysk mei myn twa lytse bern, Iede en Hieke. Hjir yn myn wenplak Amsterdam hawwe hast alle bern op skoalle in twadde taal. Dat is hiel gewoan. As de bern op skoalle wat yn harren eigen taal sizze meie, dan dogge mynt dat yn it Frysk.
De mem fan myn bern praat Nederlânsk. Ik haw der wat op betocht om myn bern mear Frysk prate te litten. As se wat fan my wolle, dan sis ik: Ast it yn it Frysk fregest, dan mei it, hahaha."
ZEA by in optreden © Arnold de Boer
Bist in soad ûnderweis?
"No wol wer. Der moat ek in soad ynhelle wurde no't de coronamaatregels foarby binne. Foar de coronatiid hie ik 120 optredens yn it jier. Yn corona wiene it miskien 20 en no sit ik fan maart ôf al op in stik of 50. Nei Oerol wurdt it wat rêstiger en dêr bin ik dan ek wol wer bliid mei."
Wêr silst spylje yn Italië?
"Op hiel ferskillende lokaasjes, Yn lytse sealtsjes, kafees, kulterele sintra en op in festival. De optredens haw ik allegearre sels regele. Soks giet faak fia kulturele kollektiven. Dy mail ik dan. En it giet ek faak fia fia. Minsken kinne dy wol wer fierder helpe mei nije kontaktadressen of ideeën."