Sikehûs Nij Smellinghe hâldt 1,7 miljoen oer, ynvestearrings yn nije technology

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten slút 2021 ôf mei in posityf resultaat fan 1,7 miljoen. It wurdt taheakke oan it eigen fermogen en sil ek brûkt wurde foar ynvestearrings yn duorsumens, gearwurkingsferbannen en nije technology.
It giet ûnder oare om in ferbouwing en modernisearring fan it sikehûs. Fierder giet it jild bygelyks nei 'slimme pleisters' dy't it sykheljen en de hertslach fan pasjinten mjitte moatte, en kriget it sikehûs as earste yn Fryslân de app Virtual Fracture Care, dy't helpe kin by it werstel fan ferskate lichte brekken of oar stabyl letsel.
Sikehûs Nij Smellinghe hâldt 1,7 miljoen oer
"Ondanks weer een intensief coronajaar is het ons gelukt om goede kwalitatieve zorg te leveren en meerdere projecten te starten en een aantal zelfs af te ronden", seit Bert Kleinlugtenbeld, foarsitter fan de Raad van Bestuur.
De nije operaasjekeamer en de ferbouwing fan de Afdeling Tijdelijke Opname van Ouderen neamt er as foarbyld. "Ondertussen bouwen we hard aan het ROC Friese Poort gebouw dat vanaf oktober 2022 in gebruik wordt genomen."
Kompensaasje
De begrutting foar 2021 wie 'voorzichtig begroot' op 1 miljoen fanwegen de coronapandemy. It sikehûs kaam dus úteinlik út op 1,7 miljoen. Yn 2021 giene de omset en de kosten omheech. De wichtichste reden derfoar wiene de kosten foar COVID en de kompensaasje dy't it sikehûs dêrfoar krige.