Byld fan keaplju tiisdei werom op plak fan eardere feemerk Ljouwert

It byld fan David van Kampen © Wikimedia Commons (Brbbl)
It byld fan in hantsjeklappende boer en feehanneler is fan tiisdei ôf wer te sjen. It keunstwurk komt te stean by de haadyngong fan de Achmeatoer yn Ljouwert.
De Ljouwerter keunstner David van Kampen makke it byld yn 1978 yn opdracht fan fersekerder FBTO, dy't no ûnderdiel is fan Achmea. It byld kaam doe te stean op it plak dêr't earder de feemerk wie.
It keunstwurk lit twa feehannelers sjen dy't in keap befêstigje troch te hantsjeklappen.

Ferpleatst

Omdat it gebiet de ôfrûne desennia in pear kear opnij ynrjochte is, waard it byld yn dy jierren ek ferskate kearen ferpleatst. Sûnt 2018 stie it yn in opslachlokaasje.
Tiisdeitemiddei krijt it byld dus wer in plak yn de iepenbierheid. Bestjoersfoarsitter Bianca Tetteroo fan Achmea en boargemaster Sybrand Buma ûntbleatsje it keunstwurk. Van Kampen is der ek by.
Neffens Achmea is it keunstwurk in moai symboal foar de skiednis fan it bedriuw. Dat begûn yn 1811 yn Achlum, doe't 39 boeren en notabelen de Onderlinge Waarborgmaatschappij Achlum oprjochten.