Steatelid Algra: "Ellinde yn stee fan feest op Ofslútdyk"

Bert Koonstra, Jenny Douwes en Rendert Algra © Omrop Fryslân, René Koster
Dit wykein waard stil stien by it 90-jierrich bestean fan de Ofslútdyk. "Mar de oanpassings duorje dalik langer as de hiele oanlis", rôp kristendemokraat Rendert Algra yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries.
Op 'e nij trune hy oan op it nachts trochwurkjen oan dit projekt. "Yn de Rânestêd is dat standert sa. It liket wol dat we hjir in achterbleaun gebiet binne en dat de automobilisten hjir net op 'e tiid op harren ôfspraak hoege te wêzen. It liket nearne nei en yndie, hie dizze dyk tusken Amsterdam en Den Haag lein, dan hie it wurk al lang klear west."
Neffens ûndernimster Jenny Douwes rinne ditsoarte fan grutte projekten altyd mis. "Se binne altyd djoerder en it wurk duorret altyd langer. Litte we dêr asjebleaft fan leare en bygelyks net begjinne oan megalomane projekten as de Lelyline."
Fragmint út it Nijsfoarum oer de Ofslútdyk
Bert Koonstra, nagelnij FNP-wethâlder yn Noardeast-Fryslân, fenuveret him ek oer de gong fan saken by de Ofslútdyk en wiist op de byldfoarming dy't soks as gefolch hat.
"It liket no as kinne we sa'n projekt net oan, wylst de technyske kennis der wol is. Troch in grutte rekkenflater wurdt de hiele saak keihurd ôfstraft. Miskien is it better om tenei yn ferlykbere gefallen alles yn lytsere parten op te knippen. As je soks yn meardere losse stappen dogge kin je folle better oersjoch hâlde."