Amsterdamsk team wint alvestêderoeimaraton

Start fan de roeimaraton yn de Prinsetún © Erik Krikke
It Amsterdamske team RIC Mix1 hat de alvestêderoeimaraton sneon wûn. Mei in tiid fan 17.04 oeren wienen se as earste werom yn Ljouwert.
Twad waard in Dútsk team mei in ferskil fan 42 minuten.
Dit jier wienen der goed 700 dielnimmers, yn 71 ploegen. Ien team moast earder ophâlde mei maleur.
Fanwegen de hurde wyn wie de rûte ynkoarte nei 189 kilometer. It wie net ferantwurde om de marren oer te stekken.