Linda Hoekstra skriuwt in boek oer de moard op har heit en mem

Linda Hoekstra © Omrop Fryslân
Yn maaie 2001 feroaret it libben fan Linda Hoekstra, dy't doe yn Easterlittens wenne, yn ien klap.
Twa resersjeurs komme by har oan de doar. Se fertelle dat har heit en mem, Jan en Vonny Hoekstra út Menaam, fermoarde binne yn Portugal.
It is sa ûnwerklik dat it net echt ta har trochkringt. Linda en har man Sipke fleane mei oare famyljeleden nei Portugal en fernimme dêr dat de plysje eins noch net folle wit.
Jan en Vonny binne by tafal fûn troch in ymker, dy't yn 'e fierte in giel stipke seach. It wie de jas fan Vonny. Se binne mei in gewear om it libben brocht.
Jan en Vonny Hoekstra © Eigen foto Linda Hoekstra
Folle mear kin de plysje dan noch net sizze. In wike letter wurde de dieders pakt. It binne in Frânske muzyklearaar fan 34 jier en syn 24-jierrige learlinge. "In famke noch", seit Linda dy't de dieders in jier letter foar it earst sjocht yn de rjochtsaak.
In pear wike letter giene wy der opnij hinne en doe hie ik in 'wapen' by my: de foto's fan ús heit en mem.
Linda Hoekstra
Pas dan fielt se foar it earst lulkens, seit se. "Ik wie sa boas doe't ik se seach. Mar ik koe mei dy lulkens nearne hinne. In pear wike letter giene wy der opnij hinne en doe hie ik in 'wapen' by my: de foto's fan ús heit en mem. Dy haw ik harren yn it gesicht treaun doe't se it buske út kamen en de rjochtbank yn rûnen."
Linda wol dermei oanjaan dat it om twa echte minsken giet. "Gjin nammen yn de krante of yn in klinysk plysjerapport. It binne minsken mei in libben, mei dreamen, mei in takomst. In takomst dy't wreed harren ôfnommen is."

25 jier sel

De dieders wurde ta 25 jier sel feroardiele, in fûnis dat letter yn heger berop nochris bekrêftige wurdt.
Sipke Smit en dochter Marenne © eigen foto
Nei de útspraak hoopje Linda en har man Sipke it libben wer op te pakken. Mar opnij wurdt de grûn ûnder har fuotten weislein as se te hearren krije dat Sipke net lang mear te libjen hat.
Hy hat longkanker en it sit ek yn syn lever en bonken. Nei in swiere tiid fan sykte ferstjert Sipke njoggen moanne nei de diagnoaze.
Linda is dan 36 jier en widdofrou mei twa lytse bern fan 6 en 8 jier. Mei it fertriet fan de bern hat se it dreech. Har eigen rouproses komt net fan de grûn.

Normaal libben

"Ik woe fierder. Ik woe wer rjochting yn myn libben, dus ik socht in baan, krige in relaasje mei Dirk. Ik tocht dat ik wer in normaal libben krije soe. Mar dat koe hielendal net, want it wie net normaal. Dat hie ik allinne doe net troch."
Harkje nei it ferhaal fan Linda Hoekstra
Foar de bûtenwrâld liket der net folle mis. De relaasje fan Dirk en Linda is sterk en leafdefol. Linda pakt in nije útdaging op en ûntwikkelet har ta mediator foar minsken dy't skiede. De bern wurde grut en fine har eigen paad.

Depresje

Wat allinne in pear neisten witte is dat Linda wrakselet mei depresjes. Se besiket der fan alles oan te dwaan: haptonomy, psychologen, kranio-sakraal-terapy. Soms giet it in skoftke goed. Mar hieltyd falt se werom en is it gat djipper as oait. Oant der in húsdokter is dy't har medikaasje foarskriuwt.
Linda Hoekstra mei har boek "Onuitwisbaar" © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Se hat altyd in protte skreaun en beslút dêr wat mei te dwaan. Se makket in manuskript dêr't se har 'reis' fan 2001 oant no yn beskriuwt. Op oantrúnjen fan minsken om har hinne wurdt it manuskript in boek dat de titel Onuitwisbaar krigen hat.
Op de achterflap skriuwt se: 'Onuitwisbaar vertelt een onwaarschijnlijk verhaal over de pijnlijke rijkdom van verlies. Maar het is vooral een verhaal over liefde.'
It boek kin besteld wurde op de webside.