Auto slacht oer de kop by Hylpen; ien persoan ferwûne

© CAMJO Media
By Hylpen is sneintemoarn in persoan ferwûne rekke by in oanriding. Op de Suderseewei troffen de helptsjinsten in auto op de kop oan.
Troch noch ûnbekende oarsaak wie de wein tsjin in skrikblok yn de berm kaam en doe meardere kearen oer de kop slein. Nei 100 meter wie de auto ta stilstân kaam. De ynsitters binne foar kontrôle nei it sikehûs brocht.
De brânwacht hat in skûmlaach op de dyk oanbrocht om't der in soad brânstof lei.