Minne Smit ljept yn drege omstannichheden nei winst yn Burgum

Minne Smit © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De tredde fierljepwedstriid fan it seizoen is sneontejûn wûn troch Minne Smit fan Winsum. Yn Burgum sprong hy mei in persoanlik rekôr fan 19.38 fierder as alle oare ljeppers.
It wiene swiere omstannichheden yn Burgum troch de hurde wyn. De wedstriid lei sels tweintich minuten stil troch de rein. Dêrtroch waard der nei de foarronde gjin finale mear ljept. Ek wie der yn de deiútslach gjin sprong fan oer de 20 meter te finen.

Unike oerwinning

De winst fan Smit is unyk te neamen. Hy is de earste Winsumer ljepper yn de skiednis fan it fierljeppen dy't in wedstriid yn 'e topklasse wint. Achter Smit wie it twadde plak foar Rutger Piersma mei 19.10, tredde wie Jan Teade Nauta (18.68 meter).
De sprong fan Minne Smit
By de froulju pakte Marrit van der Wal de winst mei 16.05 meter. Dêrmei sprong se rom in meter fierder dan nûmer twa Femke Rispens (14.79 meter) en nûmer trije Tessa Kramer (14.10 meter).
De sprong fan Marrit van der Wal
Wisse Broekstra wie foar de tredde kear dit jier de bêste by de junioaren mei 18.23 meter. Rutger Haanstra (17.40 meter) en Germ Terpstra (17.31 meter) kamen dêr net by yn 'e buert.

Djurre de Jong ferbettere syn persoanlik rekôr ta 15.48 meter en wie dêrmei winner by de jonges. Hanneke Westert wie winner by de famkes mei in ôfstân fan 14.87 meter.