Frysk Strjitfestival yn âlde foarm lûkt soad besikers: "Cultuur voor iedereen"

Nei twa jier is it Ljouwerter sintrum wer fol mei strjitteäter:
It sintrum fan Ljouwert is fol mei strjitteäter, sirkus, dûns, muzyk, ynstallaasjes en optredens. Nei twa jier mei ek it Frysk Strjitfestival wer plakfine sûnder maatregels.
De organisaasje fan it Frysk Strjitfestival hat it tema fan dit jier oansletten by dat fan 'Bosk', de kulturele manifestaasje yn de Ljouwerter binnenstêd. Dat seit Natasje Kesteloo fan de organisaasje: "Daar hebben we verbinding mee gezocht. Er zijn veel natuuractiviteiten en er is aandacht voor duurzaamheid. Maar wat het belangrijkste is: verbinding. Het elkaar weer treffen."
Dit is cultuur voor iedereen.
Natasje Kesteloo fan it Frysk Strjitfestival
It festival wurdt nei twa jier einliks wer 'gewoan' organisearre. "Dit is wie we zijn, willen zijn", seit Kesteloo. "Het spelen op straat en dat je langsloopt en kunt denken: nee, deze niet. Dit is cultuur voor iedereen. Dat is machtig."

"Steeds weer een ander laagje"

Op it Saailân spilet it performance-selskip Zwermers. Twa akteurs klaaie ha dêr fyftich kear oan en út. "We willen laten zien hoe een mens kan veranderen door steeds weer een ander laagje", seit Inez Wolters van teatergroep Zwermers. "Dat je misschien heel andere gedachten krijgt over mij als mens als ik alleen maar een andere laag aantrek."
Zwermers op it Frysk Strjitfestival © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It is in pittige foarstelling om te spyljen, seit Wolters: "We hebben vijftig setjes kleding liggen. Dat is zeker drie keer door de knieën. Dat is een pittige work-out."
Op it Gouverneursplein is romte foar de bern. Dêr kinne se yn in auto troch de waskstrjitte. "Echt vet!"
Ferdivedaasje foar de bern op it Gouverneursplein © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma