Nynke Sijbrandij-en-dy winne Gouden Wilhelminapartij yn Menaam

Nynke Sijbrandij © Dijks Fotografie
It partuer fan Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra hat sneontemiddei de Gouden Wilhelminapartij yn Menaam wûn. Yn de finale wiene sy mei 5-5 en 6-2 te sterk foar it partuer fan Ilse Tuinenga, Louise Krol en Sjanet Wijnia.
Yn it begjin fan de finale like it derop dat Nynke Sijbrandij-en-dy harren tredde oerwinning fan it jier ienfâldich pakke soene. Sy stiene yn gjin tiid mei 4-1 foar. Mar dat wie bûten Ilse Tuinenga, Louise Krol en Sjanet Wijnia rekkene. Mei prachtich spul kaam dat trio werom yn de wedstriid en wie it op seker momint fjouwer earsten gelyk.

Spanning by 5-5

Efkes letter rûn de spanning noch heger op doe't de stân oan de telegraaf fiif earsten gelyk wie. Uteinlik wie it Manon Scheepstra dy't op 5-5 en 6-2 de winst binnen helle mei in boppeslach.
De tredde priis gie nei Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Jennie Terpstra.