FIDEO: Mearke-eftige kreatueren op it Imaginarium-festival yn Tytsjerk

Besikers binne ferklaaid yn allerhanne ferskillende stilen op it Imaginarium-festival:
Fantasyleafhawwers binne dizze dagen goed teplak yn Tytsjerk op it Imaginarium-festival. Dêr rinne bygelyks manlju mei bilen en messen en froulju yn grutte prinsessejurken om.
Der binne kreamkes, der is muzyk en oare ferdivedaasje. Krekt as de dielnimmers komme besikers ek faak ferklaaid yn allerhanne ferskillende stilen. Fan post-apokalyptysk oant druïden en fan Lord of the Rings oant minsken yn in skotske kilt.
It festival begûn tongersdei en is der sneon noch oant 23.00 oere jûns. It is de tsiende edysje, foar de achtste kear is it yn Tytsjerk.