Jurken fan natuerlik materiaal fan Paradyskeunstner ferstoppe yn de bosken

Patroanjurk fan Diana Scherer © Peter de Kan
Diana Scherer docht mei oan de tentoanstelling Paradys yn de bosken fan Oranjewâld. Se hat trije jurken makke fan de woartels fan hjouwer (haver), bedoeld foar froulju dy't in grutte rol spilen yn Oranjewâld.
De trije jurken binne goed ferstoppe yn de bosken en falle hast fuort yn de omjouwing. Se binne twa-en-in-heale meter heech en wurde beskerme troch glêswurk. "Ik heb drie jurken ontworpen voor drie vrouwen die een betekenisvolle rol hebben gespeeld voor Oranjewoud: Maria Louise, Henriëtte Amalia en Albertine Agnes van Nassau. De laatste is de oprichter fan Oranjewoud", fertelt keunstner Diana Scherer.
Jurk makke troch Diana Scherer © Peter de Kan
De jurken hawwe patroanen dy't tinken dogge oan kant-patroanen. Scherer hat besocht it karakter fan dizze froulju yn de jurken te typearjen. "Maria Louise was stadhoudster. Ze was goed voor het volk en populair, ook bracht ze orde en dit zie je in de jurk terug in de rechte lijnen. Henriëtte Amalia was een decadente en pronkzuchtige dame. Ze was de schoondochter van de oprichtster Albertine Agnes. In die jurk zie je een overdadigheid van patronen, een wildgroei, wat heel goed werkt."
Jurk makke fan woartels fan hjouwer © Peter de Kan
Scherer is foarige simmer al begûn mei it meitsjen fan it wurk. "Het materiaal groeit het snelst in de zomer en het is een lang traject. Ik heb het in de winter goed opgeborgen en nu weer opgezet."
Jurk makke troch Diana Scherer © Peter de Kan
In pear jier lyn hat se har eigen technyk ûntwikkele mei help fan de Radboud Universiteit. "Het is een geheime techniek, waar ik een beetje over kan vertellen. Ik heb sjablonen onder de grond en daarin groeien de wortels." Se kiest foar hjouwer, in gers-soarte om't dy it bêste ticht by elkoar groeie.
Zouden we van mijn plantenmateriaal, dat nu nog heel kwetsbaar is, in de toekomst een duurzaam materiaal kunnen maken?
Diana Scherer
Har dream is dat we úteinlik ús klean yn de tún groeie litte kinne. "Ik ben met materiaalonderzoek begonnen. Zouden we van mijn plantenmateriaal, dat nu nog heel kwetsbaar is, in de toekomst een duurzaam materiaal kunnen maken? Inmiddels zijn er drie studenten bij de TU Delft hierop afgestudeerd. We zijn er nog niet, maar wel al een heel stuk verder."
© Peter de Kan
Paradys
Yn trije dielen stean we stil by trije fan de fyftjin keunstners dy't meidogge oan de tentoanstelling Paradys yn de bosken by Oranjewâld. Juster wie diel twa mei keunstner Erik van Lieshout en earjuster wie diel ien mei Isa van Lier. Paradys is ûnderdiel fan keunstmanifestaasje Arcadia, dy't oant en mei 14 augustus duorret. By Arcadia wurdt mei help fan keunst befrege hokker wrâld we achterlitte wolle oan de generaasjes nei ús. Oare ûnderdielen binne Bosk, IIs en Uitgesteld Geluk.