Gjin HT-race, mar wol 'bungeeroeie' op Skylge; wa komt it fierst?

Bungeeroeie op Skylge © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Gjin HT-race dit jier, mar it 'bungeeroeien' giet wol troch op Skylge. De animo is grut mei 53 teams.
By bungeeroeie sit de sloep oan in elastyk fêst en moatte roeiers sa fier mooglik sjen te kommen. It is oait betocht troch in ploech út Kampen yn 2013, yn in jier dat de HT-race ek net trochgie. Troch de jierren hinne is it almar grutter groeid.

Krêft en balâns

"Nu doen er 53 ploegen mee en normaal zijn dat er 25 ploegen", seit Dirk de Boer. "Met zes man en een stuurman moet je zo ver mogelijk komen. Een meetlint meet de afstand. Je moet zo hard mogelijk roeien en je moet ook gelijk roeien om in balans te blijven. Aan het eind van het elastiek schiet de sloep weer terug en dan moeten de roeiers met hun riemen in het water om af te remmen."
Bungeeroeie op Skylge © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Der binne prizen foar froulju en manlju. Der is in soad entûsjast publyk op de kade en de stegers.
De roeiwedstriid tusken Harns en Skylge gie om it rûge waar oer. Dat is foar it tredde jier op rige, want de ôfrûne twa jier koe fanwegen corona net roeid wurde.
Bungeeroeie © Omrop Fryslân, Lennard Geerts