Alvestêdekuierders folbringe meunstertocht fan 207 kilometer

Nei fiif dagen binne de kuierders fan de Alvestêdetocht sneon wer oankaam yn Ljouwert. Op de lêste dei stie de etappe Dokkum-Ljouwert op it program, in tocht fan 27 kilometer.
Rinners by de finish © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
In Brabanner (út Deurne) kaam as earste binnen by skouboarch De Harmonie. Hy rûn gemiddeld 8,1 kilometer de oere. "Een kwestie van oefenen."
It wie de earste kear dat er meidie. "Ik heb een fantastisch week gehad. Op een paar buien na was het perfect wandelweer. Het was een mooie ervaring, dus de kans is groot dat ik nog een keer terugkom."
Foar de kuierders wie der in waarm wolkom, faak waarden se ûntfongen mei in blomke en famyljeleden by de finish.
"Dy lêste etappe is in makje", sei Eeuwe Geertsma, foarsitter fan de Alvestêdekuiertocht, sneontemoarn.

Pittige edysje, net folle útfallers

"Se ha dan al 180 kilometer yn de fuotten, dus dat lêste stik giet slagget ek noch wol." It wie bêst wol in pittige edysje dit jier. "We ha in soad hurde wyn hân, en rein en sels hagel."
Fan de 743 dielnimmers binne 33 útfallen, dat is minder as oare jierren. "It is in meunstertocht, dus minsken witte wol wêr't se oan begjinne. It is in útdaging mar se binne wol taret. Dit dochst net samar."
Alvestêdekuierders yn Dokkum © Martin de Jong
Eeuwe Geertsma
De âldste dielnimmer is 89 jier. "En dy rint noch as in ljip!" De organisaasje wol ek mear jongeren berikke. Der rinne sels bern mei fan 12 en 13 jier.
"Gemiddeld sakket de leeftiid fan de dielnimmers. Dat binne no tritigers en fjirtigers, wylst dat earder faker fyftigers wienen. Troch corona ha in soad minsken it kuierjen ûntdutsen. It is leuk, sûn en gesellich. Dus we binne net benaud foar de takomst."