Alvestêderoeimaraton ynkoarte om hurde wyn; gjin alve mar acht stêden

Roeiers by de start yn de Prinsetún (argyffoto) © ANP
Nei twa jier koe de alvestêderoeimaraton wer yn orizjinele foarm los nei twa oanpaste corona-edysjes.
Yn totaal binne 70 teams, wêrfan 15 út it bûtenlân, freedtejûn om 20.00 oere fan start gien yn de 36ste edysje fan de maraton.
Fanwegen de hurde wyn is de rûte ynkoarte fan 210 nei 180 kilometer. "De wind uit het westen/noordwesten zorgt voor golfslag en daardoor is het niet verantwoord om de meren over te steken. Dus hebben we de route ingekort voor de veiligheid van de deelnemers", seit wedstriidlieder Bram Streefland.

Gjin 11 mar 8 Fryske stêden

Se dogge no acht fan de alve Fryske stêden oan en gean net oer de Sleattemer Mar en de Morra. De dielnimmers fine it neffens him geweldich dat se wer as fan âlds roeie kinne. Ien team wie útfallen, se hienen maleur mei har materiaal.
Bram Streefland
Neffens Streefland is it mingde team út Amsterdam favoryt foar de oerwinning. "Maar ook ploegen met maar drie roeiers zijn favoriet, dat is echt een enorme topprestatie met dit weer." Nei alle gedachten komme se om in oere as twa wer oan yn Ljouwert.