Deputearre Fokkinga: "Provinsje sil net meiwurkje oan ûnteigenjen boeren"

It cv fan Klaas Fokkinga © Omrop Fryslân
De provinsje sil net meiwurkje oan it ûnteigenjen fan boeren as it Ryk dêrta beslute soe. "Dan sil de minister dat sels ek útfiere moatte", seit deputearre Klaas Fokkinga (FNP).
Ut it Ryk wei is de opdracht dat de stikstofútstjit omleech moat. Fokkinga is it net hielendal iens mei hoe't it Ryk dat oanpakke wol. "Mar as bestjoer moatte wy wol in wet útfiere, en dy wet is der no ien kear."
"Mei ús útfieringprogramma besykje wy dochs op ús eigen wize in stap nei foaren te dwaan, om dy minister foar te wêzen, dat sy saken oer ús ôfropt", leit de deputearre út.
"Oer it ûnteigenjen hat sy ek útspraken dien, dat binne wy absolút net fan doel. Dat sil net troch ús as provinsjebestjoer barre." De provinsje is wol foar frijwillige ferpleatsing en frijwillige útkeap fan boeren, seit Fokkinga.
Unteigenjen fan boeren is in maatregel dêr't de provinsje net oan meiwurkje sil
As it oer stikstofútstjit giet, giet it ek faak oer lânbou. Fokkinga joech ferline wike ta dat der noch hast net mei bygelyks de bousektor praat is. "It binne hiel wat sektoaren dêr't je dan mei prate moatte, it is de kar dy't je meitsje."
Neffens him is it lykwols net sa swart-wyt. "Wy binne wol yn petear mei direksjes fan de yndustry. Dêr ha we ek al ôfspraken mei makke, dat se meiwurkje sille om de doelen fan ús útfieringsprogramma te realisearjen." En yn oare sektoaren wurde ek stappen set, seit de deputearre: "De earste linen binne ek útlein nei de bou."
Dochs liket it as steane de boeren foaroan yn de oanpak fan stikstof. "It punt is, it bart allegear. Folgjend jier yn july moatte wy de gebietsplannen ynleverje. En tusken no en dy perioade prate wy mei alle partijen om it by-inoar te bringen."

Moasje fan treurnis

Dizze wike tsjinnen acht opposysjepartijen in moasje fan treurnis tsjin Fokkinga yn. "De moasje hat gjin mearderheid helle, mar it is fansels wol in teloarstelling dat soks bart."
"It is it rjocht fan de Steaten om dat te dwaan, mar in mearderheid hat fan miening west dat dit net nedich wie." Dat betsjut net dat de moasje him neat docht: "It is wol in politike skram."
Fokkinga is teloarsteld oer de moasje fan treurnis dy't tsjin him yntsjinne waard
Der wie benammen krityk op de kommunikaasje oer it útfieringsprogramma stikstof, leit de deputearre út. "Dy kommunikaasje wie net goed, en dat ha wy ek erkend as kolleezje, dat dat better moat."
"Wy binne ek direkt begûn mei aktiviteiten om it fertrouwen werom te krijen", seit Fokkinga. "Want dat wie dochs wol wat skeind, benammen yn Súdeast-Fryslân."
Kommunikaasje nei Súdeast-Fryslân wie ûndúdlik, wêrtroch't 110 boeren benaud wienen dat se ûnteigene wurde koene, mei as doel om de stikstofútstjit yn de buert fan natoergebieten te ferminderjen.

Min formulearre

"Yntern ha wy it nea hân oer it ferplichte opkeapjen fan buorkerijen", seit de deputearre. Mar dy suggestje waard wol wekt. Dat siet him dan ek yn de kommunikaasje, dy't neffens de deputearre wol better kinnen hie. "De tekst yn it stik wie ek net goed formulearre, ik kin my goed yntinke dat minsken dat dochs op sa'n wize lêzen hawwe."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Klaas Fokkinga.
Efternei soe er it oars oanpakt ha, seit Fokkinga. "Wy hiene gewoan direkt yn it gebiet de minsken meinimme moatten. Wy ha it no op ôfstân dien. Mar op it stuit dat dy ûnrêst ûntstie bin ik direkt nei Appelskea gongen om dêr mei de foarman fan de agraryske sektor de saken troch te praten."

Passy foar it dossier

De krityk út de partijen wei oan de deputearre wie dat er ek te min passy ha soe foar it lânboudossier. Der is er it sels hielendal net mei iens. "Ik ha trettjin dossiers, en stikstof is dêr ien fan. Dy freget ek de measte tiid en dêr sette we ek de measte tiid yn. Ek as kolleezje sette wy ús der absolút foar yn."
Fokkinga seit dat er him foar al syn dossiers 100 persint ynset:
"Ik tink dat it mear de uterlike kant is, ik bin hjir wol deeglik drok mei dwaande. Ik set my foar al dy trettjin dossiers 100 persint yn."
Neffens Fokkinga binne de Steaten de wearde fan de lânbou net fergetten. "Yn bredere sin, minsken hoege harren der net drok oer te meitsjen dat it kolleezje net efter ús lânbou stean soe, want lânbou is fansels in hiele wichtige, ek ekonomyske, faktor yn ús provinsje."
De cartoon fan Klaas Fokkinga © Omrop Fryslân