Snitser follybal-internationals, froulju en manlju, krije drokke simmer

Marrit Jasper © Orange Pictures
Nije wike begjint foar de follybal-internationals in drokke perioade mei in soad wedstriden en ek in hiel soad reizgjen.
De froulju begjinne yn Turkije mei de Volleyball Nations League (VNL). Nei in wike mei fjouwer wedstriden komme se in wike thús en dan gean se wer fuort nei Brazilië foar opnij fjouwer wedstriden.
Yn de wike dat de froulju thús binne, spylje de manlju foar de VNL. Sa binne der de hiele simmer grutte ynternasjonale wedstriden foar de Fryske follyballers Marrit Jasper, Gijs van Solkema, Bennie Tuinstra en Steven Ottevanger.
It kin hast gjin tafal wêze dat alle Fryske ynternasjonals út Snits komme. De jeugdoplieding by VC Snits is goed fersoarge en dat betellet him no út.

Teloarstelling

Al is it foar Marrit Jasper wol in teloarstelling dat har suske Hester dit jier net selektearre is troch bûnscoach Avital Selinger. Hester hat it ôfrûne seizoen in skoft blessearre west en slagge der net yn om har wer yn de basis te spyljen by har klup Allianz MTV Stuttgart.
Dat se it lêste healjier net in soad spylminuten krigen hat, hat miskien meispile foar Selinger, dy't wol in hiel soad spylsters fan Team22 selektearre hat. Dat is in spesjaal team dat formearre is mei it each op it WK yn eigen lân dit jier yn septimber en dat ek ûnder lieding stiet fan Avital Selinger.
Marrit Jasper yn petear mei ferslachjouwer Geartsje de Vries © Orange Pictures
Marrit Jasper fynt it tige spitich dat se no dizze simmer net oplûke kin mei har jongere sus. "Ja, ik vind dat heel jammer. Maar ik heb haar op het hart gedrukt vooral te genieten van een vrije zomer. Dat heeft ze ook al twee jaar niet gehad en dat kan nu wel."

Fan wearde as ynfalster

Marrit Jasper heart al in skoft by it nasjonaal team en is no ien fan de 'âldere' spylsters mei har 26 jier. Se spilet by Cuneo yn Italië dat dit seizoen as sânde einige is yn de Italiaanske searje A. Se spilet as passer-loper en hat op dy posysje yn it Nederlânsk team in soad konkurrinsje fan oaren. In basisplakje sit der dan ek net yn, mar se is fan grutte wearde as ynfalster. Marrit spilet op 1 juny de earste offisjele wedstriid fan dizze simmer yn Ankara tsjin Sina.
It WK yn eigen lân is dit jier it haaddoel fan de froulju. Dat begjint op 23 septimber yn Arnhem.
Steven Ottevanger, Gijs van Solkema en Bennie Tuinstra © Orange Pictures
De Italiaanske bûnscoach Roberto Piazza fan de manlju hat trije Snitsers selektearre: libero Steven Ottevanger, spulferdieler Gijs van Solkema en bûtenoanfaller Bennie Tuinstra.
Benammen dy lêste hat it ôfrûne jier in stoarmeftige ûntwikkeling trochmakke. Hy gie ferline jier fan it Grinzer Lycurgus nei it Dútske Giesen, mar earst spile er noch mei it nasjonale team yn Italië yn de Volleyball Nations League. Dêr die er it sa goed dat er in oanbieding krige fan de Turkske topklup Ziraat Bankasi út Ankara. Syn kontrakt by Giesen waard ôfkocht en hy helle mei Ankara de Turkske titel.

Ferliking mei olympyske ploech fan 1996

De trije Snitser manlju meie graach in ferliking meitsje mei 1996 doe't ek trije Snitser manlju yn it Nederlânsk team sieten. Dy ploech mei Jan Posthuma, Ronald Zoodsma en Olaf van der Meulen waard olympysk kampioen. "Dat kan geen toeval zijn toch? Dat er nu weer drie Snekers in zitten!" laket Bennie Tuinstra. Gijs van Solkema giet der wat serieuzer op yn: "Ik denk dat het alles te maken heeft met VC Sneek en de manier waarop de jeugd daar opgeleid wordt. Ik denk ook dat het voor VC Sneek een groot compliment is."

Spannend oft se keazen wurde

Op dit stuit stean noch 19 nammen op de list fan de seleksje fan Roberto Piazza. Dat oantal wurdt noch werombrocht nei 14. Foar Bennie Tuinstra is dat net sa spannend, want hy sil der wol by sitte. Steven Ottevanger en Gijs van Solkema binne net sa wis, mar jouwe beide oan dat se der alles oan dogge: "Ik vind zelf dat ik een goed seizoen gedraaid heb en doe op de trainingen mijn stinkende best. Dus ik doe er alles aan", seit Van Solkema. Steven Ottevanger falt him by: "En meer kun je niet doen. Het is nu aan de staf."
De manlju ha earst noch wat oefenwedstriden en reizgje dan ôf nei Brazilië, dêr't Japan de earste tsjinstanner is yn de wedstriden om de Volleyball Nations League.