Campings yn Fryslân grôtfol: de Fryske toerismesektor bliuwt oanlûken

Yn Súdwest-Fryslân binne se dit wykein hielendal folboekt
De campings yn Fryslân belibje gouden tiden oan it begjin fan it kampearseizoen. Net allinnich binne alle seizoensplakken al fersein, foar passanten is der ek gjin plakje mear foar de tinte of caravan.
Ferskillende campingeigeners yn Súdwest-Fryslân fernimme in soad drokte op de camping om Himelfeart hinne. Dat is net nij, mar oars as oare jierren binne de campings no hielendal fol.
"We zijn het wel gewend dat het met Hemelvaart erg druk is, zo ook het pinksterweekend volgend weekend, maar we zitten nu vooral heel vroeg al vol. Zes weken van tevoren zaten we al helemaal volgeboekt", fertelt Wouter Bleckman, eigener fan camping De Kuilart yn Koudum.

Fryslân ûntdutsen yn coronakrisis

Neffens de eigeners binne it in soad famyljes dy't famyljewykeinen ynhelje op de camping. Dêrneist binne de Dútske toeristen ek werom op de Fryske campings. In soad minsken út de rest fan Nederlân hawwe yn de coronatiid ûntdutsen hoe moai oft it is om yn Fryslân fakânsje te fieren en bliuwe dat no ek dwaan.
Campinggasten © Omrop Fryslan
Martin Cnossen, direkteur fan marketingburo Merk Fryslân, sjocht in trend yn it oanlûken fan de Fryske toerismesektor. "Minsken kieze dochs bewuster yn harren bestimming en bliuwe tichteby. Dat hat ek mei duorsumens en de kosten te meitsjen, mar it is wol in trend dy't we sjogge en dêr't ik fan leau dat dy wol bliuwend wêze sil."

Fol is fol

Wa't te let is mei boeken of op it lêste momint noch ferwachtet in tintsje opsette te kinnen op de camping, dy wurdt teloarsteld. Sjouke van der Veen, eigener fan camping De Bosrand yn Aldemardum: "Der binne Dútsers dy't hjir te kiten gean, dy tinke dat se hjir jûns noch kampearje kinne. No, dy fiskje efter it net, want wy hawwe gjin romte mear."
It weromkommen fan Dútske toeristen soarget ek foar ekstra drokte