Skylge ûnder yndruk fan deadlik ûngelok op charterskip: "In en in triest"

Ungelok op charterskip Wilhelmina
It deadlik ûngelok op charterskip Wilhelmina hat bot yndruk makke op Skylge. Dat seit boargemaster Caroline van de Pol fan it Waadeilân.
By it ûngelok kaam freedtemoarn in 79-jierrige man om it libben en in frou rekke swier ferwûne. It skip wie ûnderweis fan Skylge nei It Amelân. De gyk fan de twamêster kaam los en foel boppe-op de twa slachtoffers.
Yn totaal wiene 21 minsken oan board, ûnder wa de 2 bemanningsleden. Nei it ûngelok is it skip werombrocht nei Skylge.
Plysje op wei nei it charterskip Wilhelmina © Omrop Fryslân
"In en in triest", fettet Van de Pol it drama gear. "Het waren mensen die gewoon heerlijk een weekend aan zeilen waren. Die een prachtig schip met elkaar hadden afgehuurd en van Terschelling naar Ameland zouden varen. Het is uitermate verdrietig."
Aandoenlijk. Ik kan er niets anders van maken. Men was zo ontzettend geraakt.
Caroline van de Pol, boargemaster fan Skylge
De boargemaster hat mei de opfarrenden en de skipper sprutsen, en ek mei de plysje en de resjerzje. "Aandoenlijk. Ik kan er niets anders van maken. Men was zo ontzettend geraakt."
Yn de haven fan Skylge hat de plysje ûndersyk dien op it skip. Der is sjoen nei de steat fan ûnderhâld fan it skip en oft der flaters makke binne troch de bemanning, fertelt plysjewurdfierder Dennis Janus. Ek is mei tsjûgen praat.
Plysjewurdfierder Dennis Janus
Dêrnei is it skip frijjûn en giet it nei de thúshaven Harns foar fierder ûndersyk troch de Inspectie Leefomgeving en Transport, dy't ek de keuring fan dit soart skippen docht.
Janus kin net sizze hoe lang oft dat ûndersyk duorje sil. "En als er geen verwijtbare schuld is, maar echt puur een ongeluk, dan is voor ons ook de kous af", seit Janus. "Hoe triest dit ook is voor de vrouw die gewond is geraakt en het dodelijk slachtoffer."
Helptsjinsten yn de Skylger haven © ProNews Producties
Freed soe de HT-roeirace fan Harns nei Skylge wêze, mar dy wie fanwege de hurde wyn skrast. Sneon wurdt wol it gebrûklike neifeest by de haven fan it eilân hâlden.
"Heel dubbel", seit boargemaster Van de Pol dêroer. "In de ochtend hebben we het bungee-roeien en 's avonds is er, eerlijk is eerlijk, een feestelijk samenzijn met elkaar. Ja, dat bijt elkaar wat."
Boargemaster Caroline van de Pol fan Skylge