Sterke Yerke IV doopt: nije misje tsjin plastiksop kin begjinne

Sylster Laura Dekker doopt de Sterke Yerke IV
It flot de Sterke Yerke IV is doopt. Dat barde yn it sintrum fan Ljouwert. Mei it flot wol de bemanning omtinken freegje foar plastiksop yn de Waadsee en de Noardsee.
Laura Dekker, dy't as 13-jierrige sylster solo de wrâld oer fear, hie de eare it flot te dopen mei in flesse sjampanje.
Laura Dekker doopt de Sterke Yerke IV © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De kommende tiid komt de bemanning al folop yn aksje. Sa leit it ûnder oare foar de haven fan Harns by de Tall Ships Races om de skippen binnen te heljen.
Dêrnei krije skoalbern fan de Waadeilannen en de kustgemeenten de kâns mei te farren. Oan board leare sy dan oer plastiksop yn de Waad- en Noardsee.
De ôfrûne wiken is it flot op de Lauwersmar en de Waadsee wiidweidich test. Dêrby is benammen sjoen nei wat de mooglikheden en kwaliteiten binne. Ek is sjoen nei hoe't it flot him hâldt by it drûchfallen.
It is de bedoeling dat de Sterke Yerke de kommende jierren yn Nederlân aktyf bliuwt. Dêrnei wurdt besjoen oft it de Atlantyske Oseaan oerstekke kin.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie by de doop fan de Sterke Yerke