Keatsmuseum krijt 17de-iuwsk skilderij fan 'Italiaansk keatsen' yn brûklien

Keatsmuseum krijt dit skilderij yn brûklien © Omrop Fryslân
Yn it keatsmuseum yn Frjentsjer komt fan woansdei ôf in bysûnder skilderij te hingjen. It giet om in 17de-iuwsk (sirka 1650) skilderij mei in foarstelling fan de Italiaanske keatsfariant Bracciale.
It skilderij is yn besit fan Klaas Regts, mar hy hat it útliend oan it museum. It is net dúdlik wa't de skilder is fan de foarstelling, mar neffens ûndersyk soe it út de 17de iuw komme.
Woansdeitejûn sil der mear oer dúdlik wurde troch ferhalen oer it tafriel en it houtwurk fan keatshistoarikus Pieter Breuker en houtspesjalist Paul Borghaerts.