Paradyskeunstner tsjoent parkeargaraazje om ta kleurich blommemozayk

Blommemozayk fan Erik van Lieshout © Peter de Kan
Erik van Lieshout docht mei oan de tentoanstelling Paradys yn de bosken fan Oranjewâld. Syn keunstwurk is net dêr te sjen, mar op de parkeargaraazje yn it sintrum fan It Hearrenfean.
"Het eerste idee was om ergens in de weilanden bij de Belvédèretoren het bloemenmozaïek te maken, maar dat mocht niet van de eigenaren van de toren en die van de weilanden. Bovendien zouden de herten het misschien wel opeten", seit keunstner Erik van Lieshout. It wie it begjin fan in syktocht nei in geskikt plak foar syn wurk.
It idee foar it wurk wie der al gau. "Vroeger woonde Albertine Agnes van Nassau hier met haar kinderen en ze hadden allemaal bloemenmozaïeken." As basis foar syn mozayk brûkt hy in earn. "Ik heb hem uit elkaar gerukt: de vleugels, stukken snavel, de staart en de klauwen. Met die dingen heb ik allemaal ontwerpen gemaakt."
Blommemozayk fan Erik van Lieshout © Peter de Kan
Syn syktocht nei in geskikt plak gie fierder. "Oranjewoud ligt tegen de woonwijk Herenwoud aan. Je hebt daar hellingen die vanaf het water omhoog lopen naar de huizen toe." Ideaal foar in blommemozayk, tocht er. Mar de gemeente fûn dat gjin goed idee.
"Het is belangrijk dat je flexibel blijft en open blijft staan voor de mening voor iedereen, iedere keer dat het niet door kan gaan", fertelt hy.
Hy hat fan syn syktocht in film makke dy't yn in skuorre yn de bosken fan Oranjewâld te sjen is. Hjiryn komt kroanprinses Amalia geregeld op in humoristyske wize foarby. "Ik vind niet dat ik Amalia en de koninklijke familie te kakken zet. Ik vind Amalia een leuk karakter om mee te werken. Ik heb dat eerder ook bijvoorbeeld met Merkel gedaan."
Het zou eerst bedoeld zijn voor de rijke mensen, en nu eindigt het bij de gewone mensen in Heerenveen, ik vind dat eigenlijk wel leuk.
Erik van Lieshout
Fideo fan keunstner Erik van Lieshout © Peter de Kan
Uteinlik kaam de gemeente mei in oantal ideeën. "Dan kom je uiteindelijk op een hele depressieve plek - midden in Heerenveen - uit. Daar zijn heel weinig bloemen, het is er een beetje grauw. Daar komen de bloemen wel tot zijn recht."
Keunstner Erik van Lieshout © Peter de Kan
De blommemozayk fan 7500 blommen is no op de parkeargaraazje op It Hearrenfean te sjen. Oft er it slim fynt dat syn wurk net by alle oare keunstners yn de bosken fan Oranjewâld te sjen is? "Het zou eerst bedoeld zijn voor de rijke mensen, en nu eindigt het bij de gewone mensen in Heerenveen, ik vind dat eigenlijk wel leuk."
Yn trije dielen stean we stil by trije fan de fyftjin keunstners dy't meidogge oan de tentoanstelling Paradys, yn de bosken by Oranjewâld. Moarn diel trije mei dêryn keunstner Diana Scherer. Juster wie diel ien mei keunstner Isa van Lier. Paradys is ûnderdiel fan keunstmanifestaasje Arcadia, dy't oant en mei 14 augustus duorret. By Arcadia wurdt mei help fan keunst befrege hokker wrâld wy efterlitte wolle oan de generaasjes nei ús. Oare ûnderdielen binne Bosk, IIs en Uitgesteld Geluk.