Nije reedrydkalinder: wrâldbekerwedstriid en WK ôfstannen dogge Thialf oan

In fol Thialf © ANP
De ynternasjonale reedriderstop strykt kommend seizoen twa kear del yn Thialf op It Hearrenfean.
Tusken 18 novimber en 20 novimber is de twadde wrâldbekerwedstriid yn Thialf en yn 2023 wurdt it ynternasjonale seizoen op It Hearrenfean ôfsletten mei it WK ôfstannen. Dat is tusken 2 en 5 maart.
It EK allround en EK sprint binne kommend seizoen yn it Noarske Hamar yn jannewaris.
De shorttrackers stride heal maart om de wrâldtitel yn Súd-Koreä.