By @Ease yn Ljouwert kin jongerein terjochte foar in harkjend ear

Jongerein hat mear psychyske klachten troch de coronatiid:
By @Ease yn Ljouwert kinne jongelju sûnt woansdei terjochte foar in harkjend ear. Undersyk fan it RIVM en de GGD hat útwiisd dat de coronatiid benammen by jongerein soarge hat foar mear psychyske klachten, mentale problemen en iensumens.
"It is in konsept foar en troch jongerein", fertelt Nynke de Vries. Se is studint oan de hegeskoalle yn Ljouwert. "We lústerje nei dy, wy kinne dy helpe en as frijwilligers binne wy traind om sa goed as mooglik te stypjen."
Der waard earder al in harkjend ear bean fia in chat. "Wat we oant no ta wol hân ha is anoreksia, ytproblemen, rûzje mei heit en mem, âlden dy't skiede. It kin aanst ek drugs en alkoholgebrûk wêze."

Tagonklikheid

De petearen wurde sa tagonklik mooglik makke, seit De Vries. "We freegje oft se wat drinke wolle, we sizze net direkt dat se mar efkes fertelle moatte wat der spilet."
© ANP
Boppedat is alles fergees, en anonym. "Wy skriuwe neat op. Wy freegje allinnich oft se nei de tiid wat ynfolje wolle foar ús eigen ûndersyk." Fierder is it hielendal frijbliuwend. "It mei, it hoecht net."

Training

De frijwilligers binne studinten. Nettsjinsteande in training fan twa dagen binne der altyd ek professionals by, seit De Vries. "As ien ris wat hiel heftichs seit, kin ik nei de professional ta gean en dy helpt my dan om te sjen wat oft ik it bêste sizze kin."
Nynke Boonstra is ferpleechkundich spesjalist. Sy is entûsjast oer it konsept. "It is in inisjatyf foar jongerein, troch jongerein. Je kinne eat net better ûntwikkelje as troch harren der sels by te belûken. De jongerein wit hoe't se inoar berikke, wêr't se inoar berikke kinne. Dat is de krêft fan dit konsept."
It is altyd op namme. Foar in soad jongelju is dat wol in punt.
Nynke Boonstra oer spesjalistyske soarch by de GGZ
Boonstra leit út wat neffens har de mearwearde fan dit konsept is. "It is echt wol hiel oars, ast nei de spesjalistyske GGZ giest, dat is altyd op namme. Foar in soad jongelju is dat wol in punt. En der binne enoarme wachtlisten."
"Troch te praten, te normalisearjen, in bytsje mei te tinken, tinke wy dat wy in soad jongelju al helpe kinne", seit Boonstra.
Studint Nynke de Vries en soarchprofessional Nynke Boonstra fertelle oer @Ease Ljouwert