Skûtsjewedstriden op Lemmer Ahoy gean oer om hurde wyn

Skûtsjes by De Lemmer © Martin de Jong
De skûtsjewedstriden op Lemmer Ahoy binne foar dizze freed ôfsein fanwegen de hurde wyn. Lemmer Ahoy is de earste krêftmjitting fan it jier foar skûtsjes út sawol de SKS en de IFKS.
Tongersdei waard yn de middei ek al net mear syld fanwegen de waarsomstannichheden. Sneon kin noch syld wurde. It is noch net bekend oft dy wedstriden trochgean kinne.