Fryske sylboat 16-kwadraat fiert 91-jierrich jubileum mei wykein yn Grou

De boat yn aksje © www.16m2.nl
De sylboat '16-kwadraat' stiet dit wykein sintraal yn Grou by it 91-jierrich bestean. Fanwegen corona gie it jubileum ferline jier net troch.
"De boot heeft, zoals de naam al zegt, een zeil van zestien vierkante meter en is zes meter lang. En hij is van hout", fertelt kenner Pieter Lanser. "En dat hout maakt het zo mooi voor de liefhebbers." It is echt in klassiker. "De liefde tussen de boot en de eigenaar is groot."
Hendrik Bulthuis (1892-1948), dy't kapper yn Burgum wie, ûntwurp de boat yn 1931. Hy wie ek ek de ûntwerper fan de BM-er, de boat dy't er neamde nei de Burgumer Mar. Dat ûntwerp betocht er yn 1928 mei in seil fan tolve kante meter.

Boupakket

De iepen sylboat wie net langer as seis meter om't dy dêrtroch frij fan belesting wie. It type waard hiel populêr; hy wie net djoer en dêrom tagonklik foar in grut publyk. Mei in boupakket koenen minsken de boat sels bouwe.
"De boot is niet alleen geliefd in Fryslân, maar ook daarbuiten." De gloarjetiid wat wedstriidsilen oanbelanget wie yn de jierren santich en tachtich. "De welvaart nam toe en mensen kregen meer vrije tijd en er was nog geen concurrentie van goedkope vliegtuigvakanties."
Pieter Lanser
It jubileum wurdt oer trije dagen fierd, mei op freed en snein wedstriden. "Op zaterdag is er een gastendag, waar iedereen welkom is, ook leken. Mensen kunnen meezeilen en er is feest en muziek."