Boeren wolle greidefûgels helpe mei rûge dong op it lân

Marten de Jong brûkt rûge dong foar de grûn en de greidefûgels © Omrop Fyslân, Gerrit de Boer
Hieltyd mear Fryske boeren sette harren yn foar it behâld fan de greidefûgels. It gebrûk fan rûge dong op it lân kin dêrby helpe.
Sa'n 50 boeren kamen dizze wike ôf op in gearkomste oer rûge dong en greidefûgels op de buorkerij fan Marten de Jong út Baaium. De Jong eksperimintearret al jierren mei in bedriuwsmodel mei minder keunstdong, mear rûge dong en greidefûgels.
Ynteresse fan boeren foar greidefûgelbehear is grut
It is syn lust en syn libben en hy fertsjinnet der in goed stik brea mei, mar it giet net fansels, seit er. "Moatst o sa leare. Do moatst eins sels dyn wei der wat yn sykje. Der binne wol adviseurs, dy kinst wol fine, mar moatst net eltse erfbetrêder dernei freegje. Dy fine dat net leuk", laket De Jong.
It útriden fan rûge dong © Omrop Fryslân
Dit jier docht hy op ien fan syn stikken lân in proef mei rûge dong. Dat docht er yn gearwurking mei de organisaasje Living Lab Fryslân, dy't him ynset foar natuerynklusive lânbou. Op ien stik lân is tweintich ton dong útriden en op in oar stik tsien, om te sjen oft dit ek ferskil makket.
Der binne noch gjin gigantyske ferskillen te sjen. Dan soest de proef meardere jierren trochsette moatte.
Anne Jansma fan Living Lab
Wat docht it mei de fegetaasje, de boaiem en de ynsektestân? Nijsgjirrige fragen, mar foar konklúzjes is it noch te betiid, tinkt Anne Jansma fan Living Lab.
"We sjogge wol dat der in bytsje mear gruttere ynsekten te finen binne op it stik dêr't tsien ton op brocht is. De fegetaasje is dêr ek in bytsje iepener, sa liket it. Mar der binne noch gjin gigantyske ferskillen te sjen. Dan soest de proef meardere jierren trochsette moatte."

"Boeren wolle wol"

Dat rûge dong goed is foar it boaiemlibben en mear fretten opsmyt foar de greidefûgels stiet wol fêst, seit wjirmûndersiker Jeroen Onrust. "Je ziet op stukken waar geen ruige mest op is gebracht, dat daar maar één soort worm zit. Waar deze mest wel is gebruikt, zijn meerdere soorten te vinden. Dat is een duidelijk verschil."
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
By de kampanjes fan Living Lab is dúdlik te fernimmen dat hieltyd mear boeren dwaande binne mei greidefûgels, seit Jansma. "Der is in soad belangstelling by boeren foar greidefûgelbehear. Oan ús kampanje 'Grutsk op ús greidefûgels' hat in tredde fan de Fryske boeren meidien mei ferskillende maatregels. De boeren wolle wol."