Boekekast presintearret Utsteld Gelok #3: 'Gemeenschapsgrond', in ferhaal fan Nicole van den Berg

Nicole van den Berg © Omrop Fryslân
Yn de literêre podcast Boekekast hjoed it ferhaal 'Gemeenschapsgrond' fan Nicole van den Berg. It is de tredde ôflevering fan dit seizoen. Boekekast publisearret acht ferhalen fan it projekt 'Utsteld Gelok', mei dêrby in ynterview mei de skriuwer.
Lústerje nei Boekekast mei Nicole van den Berg
Dit ferhaal is op tongersdeitejûn 26 maaie foarlêzen troch Anna Raadsveld yn 'Het landje van Dokkum' yn Eastrum. Yn 'Gemeenschapsgrond' beskriuwt Nicole van den Berg hoe't in gemeenteamtner op túnkontrôle giet en fêstholden wurdt troch ien fan de bewenners. Beide mannen komme ta in bysûnder gesprek mei-inoar.
Utsteld Gelok yn Eastrum © Marcel R fotografie
Fan 7 maaie oant en mei 14 augustus, 100 dagen lang, wurde 100 ferhalen foarlêzen op paradyslike plakken yn Fryslân. It projekt Utsteld Gelok/Uitgesteld Geluk is betocht en organisearre troch Ljouwert UNESCO City of Literature.
De reade tried yn alle ferhalen is it sykjen nei skientme, nei in paradys, tidens en nei de pandemy. De sân oare ferhalen dy't yn podcast Boekekast publisearre wurde, binne fan Bart Kingma, Berber Bouma, Sietse de Vries, Welmoed Wijma, Nyk de Vries, Koos Tiemersma en Anita Terpstra.
Boekekast is in literêre podcast fan Omrop Fryslân en Boeken fan Fryslân, om skriuwers in poadium te bieden en literatuer tagonkliker te meitsjen.