Karavaan nei de Takomst wol minsken entûsjast meitsje foar duorsumens

De Karavaan wol minsken entûsjast meitsje om foar duorsumens yn aksje te kommen
Minsken yn de kunde bringe mei duorsume projekten en harren entûsjast meitsje om der sels ek oan mei te dwaan is it doel fan de Karavaan nei de Takomst, dy't tongersdei úteinset is.
De Karavaan docht de kommende sneonen oant 2 july ta ferskate parten fan Fryslân oan. De tocht begûn tongersdei op de Twibaksmerk yn Ljouwert, dêr't de beammen fan Bosk op it stuit stean.
Dick Willemsen en Alef Dekker © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Dielnimmers moasten sa'n tsien kilometer rinne, fia de enerzjykoöperaasje fan Goutum, de tiny houses yn Techum en in ta bêd & brochje ferboud elektrisiteitshúske yn Wurdum nei de nij doarpswynmûne fan Reduzum, dy't yn oanbou is.
Dielnimmers fan de Karavaan kamen út de boaten yn Grou © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Alef Dekker fûn it nijsgjirrich om te sjen dat yn Fryslân al jierren tal fan ûntwikkelingen binne op it mêd fan duorsumheid. "We kwamen langs een autodealer die al 17 jaar zonnepanelen op het dak heeft. Het is een geweldige tocht en zeer de moeite waard om Fryslân zo te leren kennen."
Yn Grou binne se sûnt 2018 dwaande mei ferskate inisjativen. "Mei sa'n 50 Grousters kamen we by elkoar en we hienen in dream", fertelt Dick Willemsen. "In dream fan in sirkulêre mienskip mei lokaal iten. Der binne ferskate wurkgroepen en we ha ek al wat dien, lykas in bijelint oanlizze, geveltúntsjes makke en we ha fruitbeammen útdield."
Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat mei ferskate dielnimmers
Yn Reduzum stapten de dielnimmers yn elektryske boaten yn 'e rjochting fan Grou. Nei in tocht by duorsume inisjativen del einige dêr de dei yn de Sint-Pitertsjerke. Yn de tsjerke joech âld-politikus en skriuwer Jan Terlouw in lêzing oer de needsaak fan ferduorsuming.
Jan Terlouw oer de Karavaan nei de Takomst
Terlouw fertelde dat wy de natuer en it miljeu sûnt de Twadde Wrâldoarloch folslein ferwaarleazge hawwe en dat fluch yngripen no hurd nedich is om foar te kommen dat ús bern en bernsbern yn in ferskriklike wrâld telâne komme.
Jan Terlouw yn de tsjerke fan Grou © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer