Hynder Fado de Padd draaft foar it goede doel; al 20.000 euro ophelle

It hynder Fado de Padd fan Lippenhuzen draaft op ‘e nij foar it goede doel
It Frânske hynder Fado de Padd draaft foar it goede doel. De draver fan Stâl Boppeslach fan Lippenhuzen komt freed yn aksje op Victoria Park yn Wolvegea. Al it jild dat er wint, giet nei it Ronald McDonaldhûs yn Beetstersweach.
Fado is in Frânske hurddraver. Hy wie ôfskreaun troch in blessuere en kaam yn Frankryk yn it swarte sirkwy. Stâl Boppeslach hat it hynder op 5-jierrige leeftiid kocht nei advys fan de 70-jierrige 'hynstedokter' en trainer Aonne de Wrede, dy't op It Hearrenfean wennet.
De stâl is oprjochte om fia de draafsport maatskiplike inisjativen yn Fryslân te stypjen.
Nei in healjier opknappe troch in spesjaal trainingsrezjym hat it hynder trije kear de twadde en twa kear de tredde plak wûn by hurddraafraces.
Fado en trainer Aonne de Wrede © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Marthijs Roorda omskriuwt it hynder as: "In trochsetter dêr't wy alles mei dwaan kinne. Hy hâldt fan trainen, mar ek wol fan in bytsje oandacht."

Tsien fragen oan Marthijs Roorda fan Stâl Boppeslach oer Fado

Wat is it goede doel dêr't Fado no foar drave sil?
"De Ronald McDonald Hoeve yn Beetstersweach. Dêr sil al it prizejild fan 2022 hinne gien. As der wat mei Fado bart, hy kriget bygelyks in blessuere, dan hawwe wy in bedrach ôfpraat mei de Hoeve. Dat bedrach donearje wy dan dochs noch."
Wêrom hawwe jimme dat doel útkeazen?
"Foar ús is it wichtich dat dit doel maatskiplik en yn Fryslân is. En fierder: silst it sels mar hawwe, dat dyn bern siik wurdt. De Hoeve yn Beetstersweach is ien fan dy dingen dêr't minsken gewoan fan op oan kinne moatte. Eins slacht it nearne nei dat dit fia in goed doel moat."
Wa binne ûnderdiel fan kollektyf Stâl Boppeslach?
"Myn broer en ik binne de twa inisjatyfnimmers, dêrby komme noch de bedriuwen: Werkfactor, Greeninclusive (fan Marthijs Roorda en syn broer Hendrik sels), Hempflax, ABNAmro, Quintes, Douwe Beintema, Looped, EPS Nederland, Baag Lena Capital, Get2Green Logistics, Flyerprint Graphics, EWB Duurzaam, Makelaardij Marten Groothof en Sumsare AC."
Wat is it finansjele plaatsje?
"Wy as Stâl Boppeslach fersoargje Fado hjir yn Lippenhuzen foar sa'n 500 euro yn 'e moanne. Gewoanwei soe dan ek noch de trainer in bedrach fan sa'n 500 euro de moanne fertsjinje, mar Aonne docht dit wurk fergees. Us wedstriidrider John Dekker hat ek ôfstân dien fan it prizejild, omdat it nei in goed doel giet. Oars soe in rider tsien persint fan it prizejild krije."
Wat betsjut dit harddraven foar Fryslân?
"Fryslân hat in rike skiednis yn de draafsport. Foaral yn Drachten, Wolvegea en op De Jouwer. Eartiids wiene der in soad minsken dy't de sport in waarm hert tadroegen. Ik soe graach wolle dat de sport mear it publyk opsiket, yn Frankryk is it in megayndustry fan fjouwer miljard euro, yn Nederlân is de omset mar sa'n 50 miljoen. Folle lytser dus."
Marthijs Roorda © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Wat is sa bysûnder oan Fado?
"Hy hat talint, lykas in soad oare hynders hear, mar Fado hie altyd de betingsten om in goede hurddraver te wurden. It is Aonne slagge om dat der út te heljen."
Wêrom kin Aonne de Wrede soks?
"Hy is de bêste trainer fan Nederlân. Hy socht dingen dy't oaren net sjogge of dogge. Hy is altyd geduldich mei de hynders en kin ek dingen mei hynders dêr't oaren neat mei kinne. De Wrede hat in soad wûn, ûnder oare yn Frankryk, Skandinavië en de Feriene Steaten. Hy set him no sân dagen yn 'e wike yn foar it hynder, en dus foar it goede doel."
Wat seach hy yn Fado doe't jim it hynder kochten?
"Nei in testrit tocht Aonne eins fuortendaalks dat er in goed hynder te pakken hie. Mear as syn yntuysje hat it net west."
Hoe hat Aonne de hurddraver wer safier krigen dat er prizen wint?
"Troch in healjier echt hiel doelfêst en mei in soad geduld te besykjen om earst it hynder fan de blessuere ôf te helpen. Dêrnei in soad dingen besykje om Fado wer op nivo te krijen mei spesjale trainingrezjyms, neitinke oer bandaazjes, oer fretten, oer watfoar izers der ûnder de fuotten komme: eins oer alles watst betinke kinst om in hynder wer op nivo te krijen."
Aonne de Wrede © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Wat kinne oare trainers leare fan hoe't Aonne Fado traint?
"Gewoanwei stiet in hynder 17 of 18 kear oan de startline. Fado 'mar' tolve kear. Mar fan dy tolve kear hat Fado hast de helte wat wûn, hiel bysûnder foar in ôfskreaun hynder. It wichtichste is, tink ik, dat hynder en trainer inoar fine. Wêrom't Aonne dat sa goed kin, dat wit ik net krekt. Ik wit wol dat in soad hynders it folle better dwaan soene mei Aonne as trainer."
Hoe lang sil Fado noch drave?
"Fado draaft noch wol in jier. Ik hoopje dat hy ek noch in twadde jier drave sil. Mar wy wolle grif net te lang drave mei him. Wy fine it wichtich dat Fado in moai plak krijt nei syn tiid as draver. Dêr hawwe we noch gjin konkrete plannen foar, mar dat sil wol slagje."