VV Bûtenpost krijt de bettere kânsen en nimt in 2-3 winst mei nei hûs

© Shutterstock.com (matimix)
VV Bûtenpost hat mei 2-3 wûn fan de fuotballers fan HZVV fan Hoogeveen. Hoewol't it spul by beide ploegen op en del gie, wie it úteinlik Bûtenpost dy't de bettere kânsen mooglik makke.
VV Bûtenpost wie yn Hoogeveen foar de útwedstriid tsjin HZVV (Hoogeveense Zaterdag Voetbal Vereniging). Al nei tweintich minuten spyljen luts Bûtenpost oan de langste ein. Keeper Rodney Rosink koe in skot noch keare, mar út de rebound wei slagge it Bernd Douma om de de 0-1 binnen te knikken.

Bûtenpost set de toan

Sa'n tsien minuten letter wist ek David Kazimier in doelpunt op syn namme te skriuwen. Nei in prachtige aksje skeat Kazimier de bal leech yn de koarte hoeke. Dêrmei koe Bûtenpost de 0-2 opskriuwe. It spul by beide ploegen gie op en del, likegoed Bûtenpost as Hoogeveen krige kânsen.
Foar it skoft krige Bûtenpost noch in grutte kâns nei in rappe counter. Doe't de fuotballers wer fierder giene mei de wedstriid, kearde it lok nei HZVV. Nei in hoekskop koe HZVV de 1-2 meitsje.

Spannende slotfaze

De ferromming by HZVV duorre lykwols net lang, want Mark van der Meer koe de bal yn de koarte hoeke skowe, nei't Berend Schootstra de bal oer de ferdigening hinne krige. VV Bûtenpost moast lykwols ek net te betiid jûchhei roppe, want út it neat makke HZVV de 2-3.
Yn de slotfaze folge noch in giele kaart foar HZVV en by beide ploegen waarden spilers wiksele. By Bûtenpost ferlieten Olijve en Huiskamp it fjild om plak te meitsjen foar De Haan en Schokker. Der kamen noch fjouwer spannende minuten by, mar dy brochten gjin feroaring mear yn de skoare: Bûtenpost mocht de winst mei nei Fryslân nimme.