Keatsferiening Jan Reitsma fiert 125-jierrich jubileum yn âlde tenu's

Penjum hat it 125-jierrich jubileum fan keatsferiening Jan Reitsma yn âld tenu fiert
Yn Penjum is it 125-jierrich jubileum fan keatsferiening Jan Reitsma fierd, alhiel yn styl yn tenu's fan hûndert jier lyn. "Alde tiden komme werom", seit foarsitter Paulus Groenendijk.
Eins binne de festiviteiten in jier te let, want de feriening bestiet yntusken al 126 jier. "Mar ferline jier koene wy fanwege corona dizze dei net hâlde. Dochs seine wy: wy litte dizze dei net foarbygean sûnder wat ekstra omtinken. Better let as net. Trochgean sil it, dan mar in jier letter", seit Groenendijk.

Mei petsjes en op sokken

Om it net ûnbemurken foarbygean te litten, hat de klup de spilers frege om yn âlde klean te kommen. "It jout wol sfear. Der komme ferhalen boppe, dat docht goed. Sa'n bytsje de helte fan de minsken is echt yn tenu fan hûndert jier tebek. Wy binne hiel tefreden."
Foarsitter Paulus Groenendijk © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Hoewol't de klaaiïng moai is, draait it dêr net om. "De krânsen binne it alderwichtichste. De striid telt, je wolle graach winne, want ferlieze dêr hawwe wy allegearre in ferrekte hekel oan."

Waarm yn de termo-ûnderbroek

Dêr kin Sjoerd Atze de Jong him wol yn fine, dy't tongersdei yn âlde klean meispilet. "It is wol waarm yn de termo-ûnderbroek as it sintsje der troch komt. Mar it heart der by", laket er.
Der wurdt spile op sokken. "Ik haw sokken fan myn mem oan, sy hat se breide foar my. It keatsen op sokken falt my net ôf. Gewoanwei hawwe wy skuon oan, mar wy geane net ûnderút", seit De Jong. "Ik haw ek in petsje op en in âlde mof yn de efterbûse. Ik hie it net thús lizzen, ik moast wol hjir en dêr wat freegje."
Ferslachjouwer Gerrit de Boer by de keatsferiening
De keatsferiening fan Penjum is yn 1896 oprjochte. De klup is neamd nei Jan Reitsma (1869-1959), in keatsleginde út it doarp. Reitsma die tusken 1888 en 1909 mei oan de PC en sammele 32 punten. Dêrmei stiet er op it fjirde plak yn it PC-klassemint fan alle tiden.