Paradyskeunstner lit mei fantasyskepsels de wrâld op boartlike wize sjen

Keunstner Isa van Lier © Peter de Kan
Isa van Lier is ien fan de keunstners dy't meidocht oan de tentoanstelling Paradys, yn de bosken fan Oranjewâld. Se hat in zen-timpel makke en ynrjochte mei keramyske fantasyskepsels.
"Ik wil een speeltuin creëren waarin je, net als kind, de tijd even helemaal vergeet." Dat hopet de jonge keunstner Isa van Lier te berikken mei har keunstwurk.
Sy hat yn de steatlike Overtuin yn Oranjewâld in túnmanshúske omtsjoend ta in zen-timpel. Dêr is allegearre keramysk fantasywurk fan har te besjen. "Ik heb een hele familie van wezentjes gemaakt, in iedere hoek is er wel eentje verstopt."
De timpel fan Isa van Lier © Peter de Kan
Se neamt it sels 'Barbapapa'-eftige figueren en foarmen. Ek is der in grut bouwurk te sjen yn de foarm fan boartersguodblokjes, dy't yn opfallende kleuren glazuere binne.
"De hele installatie voelt alsof er een heel groot kind heeft zitten spelen. Ik wil de fantasie en nieuwsgierigheid van de mensen prikkelen en dat we zo die laagjes van onszelf weer zichtbaar maken, dat is heel erg nodig."
Ik hoop dat mensen even stil vallen en een moment voor zichzelf voelen.
Isa van Lier
Mar dat is net it iennige wat se berikke wol mei har wurk. De timpel is der ek om even ta rêst te kommen. "Ik hoop dat mensen even stil vallen en een moment voor zichzelf voelen. Ik vind het helemaal niet erg als iemand hier een uur wil zitten en alle details wil bekijken en zo rust ervaart. Daarvoor heb ik het gemaakt."
Utsjoch út de timpel wei © Peter de Kan
Ut de timpel wei kinne minsken ek nei bûten ta sjen: in tún mei noch mear keunstobjekten.
Yn de timpel fan Isa van Lier © Peter de Kan
"De tentoonstelling gaat over het paradijs. Het botst misschien wel met de realiteit, maar ik ben ervan overtuigd dat er hier zoveel moois te zien is: ieder mosje, plantje, sculptuurtje. Als we dit met veel verwondering en aandacht kunnen bekijken dan kan het een paradijselijke ervaring worden."
Sy seit: "Ik hoop dat het iets los maakt bij de bezoekers: dat ze het graag willen aanraken en er interactie mee willen hebben."

Oankrûpbylden yn de tún

Mar oft se it écht oanreitsje meie? "Ik heb een grote speelkamer gemaakt, maar helaas ben ik de enige die er echt mee mag spelen. Alles in de tempel is heel kwetsbaar. Maar de beelden in de tuin mogen wel even geknuffeld worden."
Yn trije dielen stean we stil by trije fan de fyftjin keunstners dy't meidogge oan de tentoanstelling Paradys, yn de bosken by Oranjewâld. Moarn diel twa, mei dêryn keunstner Erik van Lieshout. Paradys is ûnderdiel fan keunstmanifestaasje Arcadia, dy't oant en mei 14 augustus duorret. By Arcadia wurdt mei help fan keunst befrege hokker wrâld wy efterlitte wolle oan de generaasjes nei ús. Oare ûnderdielen binne Bosk, IIs en Uitgesteld Geluk.