In ynsekteparadys kin ek yn de stêd: "Wondertjes die de dag mooier maken"

In ynsektfreonlike tún kin ek goed yn in stêd oanlein wurde
In tún hoecht net netsjes te wêzen. Meitsje 'm wat rommeliger dan tilt it gau op fan de ynsekten, sels yn de stêd. Dat merkt ek Jeroen Breidenbach fan de Fryske Feriening foar Fjildbiology yn syn eigen stedstún.
Tal fan organisaasjes roppe minsken op om yn de tún mear romte te meitsje foar it lytse libben. En dat is sels yn in stedstún net al te dreech, seit Breidenbach. Hy wennet yn Ljouwert, yn de wyk Camminghaburen. Dêr hat er sels in ynsekteparadyske oanlein.

Grutsk op de spinnemoarnder

Breidenbach is it meast wiis mei de spinnemoardner yn syn tún. "Ik ben het meest trots op het allerkleinste. De wondertjes die de dag een stukje mooier maken. Sommige mensen zijn bang voor spinnen als je de tuin rommelig maakt. Maar als je variatie aanlegt, krijg je zelfs dieren die de spinnen opruimen. Wij hebben hier spinnendoders, een klein wespje die spinnen verlamt en begraaft. Dat is mooi."

Fariaasje yn de stêd

Neffens Breidenbach smyt de stêd in soad kânsen foar de natuer op. "Onze natuurgebieden zijn vaak min of meer hetzelfde op een paar vierkante kilometer. Maar als je in de stad kijkt, wat je op maar twaalf bij vijf meter kunt doen. Hoeveel variaties aan planten en dieren je kunt krijgen."
Yn de tún yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Syn tún sjocht der miskien rommelich út, mar is ek kleurryk en fleurich. "Zo makkelijk kan het. Je kunt het ook heel onderhoudsvriendelijk en ruig maken. Wij hebben onze tuin helemaal ingericht voor natuurwaarden."
Jeroen Breidenbach fan de Fryske Feriening foar Fjildbiology
De Bijenstichting en oare natuerorganisaasjes roppe minsken op om krekt yn maaie de tún net te meanen. Want, in wat rûgere tún helpt it ynsektelibben en dat is goed foar ús allegearre.